Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

Europeeske Frije Alliânsje jongerein (EFAj)

EFA youth logo De European Free Alliance Youth (ôfkoart EFAy) is de jongereinorganisaasje fan de Europeeske Frije Alliânsje (ôfkoart EFA). De leden fan de EFAy meitsje diel út fan organisaasjes, bewegingen as ek politike partijen dy't it kulturele, taalkundige en nasjonale ferskaat yn Europa hoedzje en noedzje wolle.

 
De EFAy is in bûn fan jongereinôfdielings fan politike partijen fan nasjonale en regionale politike partijen en organisaasjes troch hiel Europa hinne, dy’t aktyf binne op regionaal en Europeesk nivo. De leden wurkje mei elkoar gear om ta de fierdere erkenning fan it Europeeske ferskaat te kommen. De EFAy is foar Europeeske gearwurking, mar wol in oar Europeesk model hawwe as no it gefal is.


De EFAy is tsjin it idee fan in Europa fan de nasjonale steaten en it hjoeddeistige Europeeske model. De bedoeling is dat Europa de nasjonale ferskillen stipet. De EFAy is dêrom tsjin it lykmeitsjen fan nasjonale steaten en tsjin de uniformiteit. De EFAy is foar in 'Europa fan de minsken'; in Europa dat syn ferskillende minderheden en identiteiten respektearret en beskermet. De EFAy wol in Europa dat him fêsthâldt oan it prinsipe fan ûnderhearrigens, selsbeskikking stipet, oprjocht stiet foar sosjale rjochten en miljeusaken, progressive demokrasy neistribbet, en it ferskaat erkend.

 

De FNPj en de EFAj

De FNP wie yn 1981 mei-oprjochter fan de EFA.

 

De EFAy fersoarget nijsgjirrige aktiviteiten spesifyk foar jongerein. Lykas útwiksels, simmerkampen mar ek kongressen en politike diskusjes. Alle jongereinôfdielings fan lidorganisaasjes fan 'e EFA kinne ek lid wurde fan EFAyouth. De FNP-jongerein is ferbûn mei EFA-youth en is by de wichtichste gearkomsten meast oanwêzich.

 

Nijsgjirrich te fermelden is dat troch aktive ynbring fan de FNP no ek twa Fryske politike partijen yn Noard- en East-Fryslân (Dútske steat) warber wurden binne yn EFA-ferbân. Dat binne de SSW (Sleeswyk-Holstein) en Die Friesen (Ost-Friesland). De FNPj hat kontakt mei de jongereinôfdielings fan de beide partijen.

 

FNPJ EFAYKontaktgegevens EFAY:

 

European Free Alliance Youth

Boomkwekerijstraat 1, B-1000-Brussel, Flaanderen.

 

Tel + 32 2/513.34.76 en  +32 2/513.48.51  

Faks: + 32 2/513.34.25

 

E-mail: infoe-f-a.org 

Webside: http://europeanfreeallianceyouth.wordpress.com  



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)