Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

Wurd lid!

Fraach: Hast goeie plannen of ideeën mar kinst dat net úterje?

Mei oare wurden: Wolst do ek in stim hawwe yn de polityk?

 

Wurd dan lid fan de FNPjongerein!

 

Wêrom lid wurde? Praat en beslis mei oer (de takomst fan) Fryslân!

 

Stânpunten:

- DEMOKRASY - de macht fan de oerheid is fan it FOLK. Dêrom wolle wy safolle mooglik minsken behelje by it iepenbier bestjoer.

- MEAR FOECH FOAR FRYSLÂN - in sterker provinsjaal bestjoer, LIT FRYSLÂN NET FERDWINE!

- YNTERNASJONALISME - De FNPj sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûging steane dêrby sintraal. 

- DUORSUMENS - de FNPj wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasje.

 

De FNPj hat kontakten mei oare jeugd fan oare minderheden yn de hiele Europeeske Uny. De FNPjongerein is ûnderdiel fan de EFAy (European Free Alliance Youth) en in fertsjinwurdiger is yn 2010 nei Feneesje ta west. Elts jier wurdt der in gearkomste holden yn ien fan de Europeeske lannen.

 

DUS: wolst ek meiprate en meibeslisse? Wurd dan lid fan de FNP(jongerein)

 

De jierlikse bydrage is €13,- 

Bist noch gjin 18 jier? Dan moatte dyn âlders tastimming jaan. Fan 18 jier ôf hast stimrjocht en kinst folslein meiprate en dus ek meibeslisse!

 

Jou dy op by:

www.fnp.frl of e-mail nei fnphusfnp.frl

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)