Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands
07-04-2016 - Ferslach fan de fernijde opstartjûn fan de FNPj op 11 desimber 2015 yn "it Smelnehûs" yn Drachten.
Jetske Lysbeth fan it Haadbestjoer hjit alle  oanwêzigen fan herte wolkom  yn de boargemasterkeamer fan it eardere gemeentehûs fan Drachten.  Tefoaren binne safolle mooglik jonge leden telefoanysk befrege hoe't hja tsjin de FNP oer steane en oft hja komme wolle oft der  FNPj-gearkomsten organisearre wurde.  Dat bliek wol deeglik it gefal te wêzen, der  waard  fakentiids entûsjast op reagearre. 

It  doel fan dizze jûn is útlein: it mei inoar yn de kunde kommen, netwurkje, entûsjastmearje en  komme ta in fernijd platfoarm FNPj.

05-04-2016 - Temajûn Takomst fan Fryslân in grut súkses

Klik om de foto te besjen 

Op 9 septimber wie yn Ljouwert de debatjûn fan de FNPjongerein mei as tema: de takomst fan Fryslân. It wie no al de twadde kear dat de FNPjongerein syn temajûn yn it ferboude gymnastyklokaal fan debatsintrum De Bres hold. Spesjaal foar dizze jûn hienen wy sprekkers út Skotlân frege. Lês mear troch hjir te klikken.

 



15-02-2014 - Douwe Bijlsma postúm earelid EFA
Kroan op alle wurk foar Fryslân en Europa

17-11-2013 - Fakatuere foar stazjêr by de CMC yn Brussel
Bist jong en sikest in leuk plak as trainee yn Brussel?

31-10-2013 - Frysk perspektyf foar jongerein!
Sjoch it filmke fan de FNP hit 'Wurkje tegearre' fan Ruben de Vries mei Johannes Rypma, tekst oerset troch Michiel de Waal:

24-09-2013 - In memoriam Douwe Bijlsma
Wy binne djip rekke troch syn hastich ferstjerren

15-09-2013 - Temajûn Takomst fan Fryslân in grut súkses
Op 9 septimber wie yn Ljouwert de debatjûn fan de FNPjongerein mei as tema: de takomst fan Fryslân. It wie no al de twadde kear dat de FNPjongerein syn temajûn yn it ferboude gymnastyklokaal fan debatsintrum De Bres hold. Humorfol detail is dat it tema fan de foarrige debatjûn net in soad ferskilde fan dizze. Doe hienen wy it oer de provinsje plus.

14-09-2013 - Partijblêd de Frijbûtser fan septimber no online
Oer ûnder oaren de Kampanjestart, ús takomstfisy en de FNP Tytsjerksteradiel.

22-08-2013 - Oankundiging debatjûn FNPjongerein: 'Takomst fan Fryslân'
De ôfrûne tiid is de posysje fan Fryslân flink ter diskusje steld. Sa wol Den Haach ús it leafst opheffe en ûnderbringe yn it lânsdiel Noard Nederlân. Mear as 80 procent fan de Friezen is, sa blykt út ûndersyk, hjir fûl op tsjin en ûnderwilens is it plan dan ek op de lange baan skood. Mar wat wolle wy dan wol as Friezen, wat is ús fisy op de takomst fan Fryslân?
Dêrom organisearet de FNPj, de jongereinôfdieling fan de FNP in jûn om dizze fraach hinne. Sprekkers sille wêze: David Linden fan de Young Scots for Independence en Ultsje Hosper, de nije foarsitter fan de Frysk Nasjonale Partij.
Sjoch hjirûnder foar de oankundiging fan ús debatjûn 'Takomst fan Fryslân' op 9 septimber 2013 fan 19:30 oere ôf yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert:

19-08-2013 - Fakatuere trainee polityk meiwurker EFA-buro yn Brussel
Reagearje foar 5 septimber

16-06-2013 - Frijbûtser yn teken Algemiene Ledegearkomste
Yn de nijste Frijbûtser, ús FNP-blêd, in wiidweidich ferslach fan de Algemiene Ledegearkomste fan 31 maaie.

27-05-2013 - Ik hâld fan Fryslân; do ek?!
Wy sykje jongeren dy't mei us mei helpe en tinke wolle om jongeren te "triggerjen" oer harren bewustwêzen oer Fryslân. We tinke dat in soad jongeren hjir wol mei dwaande binne mar net witte wat foar gefolgen dat hat foar Fryslân of wat se kieze moatte mei de ferkiezings yn novimber 2013.

23-04-2013 - Aksje kleurplaat 'de lêste Fryske Skoalle'
It VVD/PvdA regear hat fan de ûnderwiisried it advys krigen om allinnich noch mar grutte 100+ skoallen te hâlden, dat wol sizze dat 'er teminsten 100 bern op in skoalle sitte moatte, lytser is eins net mooglik neffens it advys. Dêr is de FNP it perfoarst net mei iens! Wy binne fan betinken dat it de deastek is foar de leefberens op it Fryske plattelân en stedswiken en dêrom komme wy ûnder oaren no mei in kleurplaat aksje.

16-04-2013 - Jiergearkomste EFAy yn Súd Tirol grut sukses
Fan 12 oant 14 april hat de European Free Alliance Youth (EFAy) har jierlikse gearkomste hân. Dizze kear wie it yn Súd Tirol, Noard-Itaalje.
Ek de FNPjongerein wie hjir fertsjinwurdige troch ús foarsitter Saapke Voolstra.

08-04-2013 - FNP, PvdA en SP wolle dúdlikheid oer begelieding Jeugdhulp
Fragen fan Steatefraksjes PvdA, SP en FNP oer pleechgesinnen dy't gjin stipe krije.

Argyf

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)