Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

Temajûn Takomst fan Fryslân in grut súkses

Op 9 septimber wie yn Ljouwert de debatjûn fan de FNPjongerein mei as tema: de takomst fan Fryslân. It wie no al de twadde kear dat de FNPjongerein syn temajûn yn it ferboude gymnastyklokaal fan debatsintrum De Bres hold. Humorfol detail is dat it tema fan de foarrige debatjûn net in soad ferskilde fan dizze. Doe hienen wy it oer de provinsje plus.

Spesjaal foar dizze jûn hienen wy sprekkers út Skotlân frege. Dêr binne se al folle fierder mei harren autonomy, en yn septimber 2014 sil dêr sels in referindum holden wurde oer folsleine ûnôfhinklikens, dus hielendal frij fan Grut-Brittanië. Twa man fan de Young Scots for Independence (YSI, jongereinôfdieling SNP) binne spesjaal foar de jûn nei Ljouwert ta set. Sa sjochst mar wer dat de goede bining mei ús susterpartijen binnen de EFA ek bûten de wenstige gearkomsten ûnderholden wurde. Omdat de FNP no ek siket nei oare paden foar in selsstannige bestjoerlike takomst fan de provinsje Fryslân, hienen wy de nije foarsitter Ultsje Hosper frege om wat mear te fertellen oer it fisystik dat by de Algemiene Ledegearkomste fan 31 maaie 2013 yn Wurdum ferdútsen waard.

 

2013 09 09 FNPjongerein temajun Takomst fan Fryslan yn De Bres LjouwertOm healwei achten gongen de doarren iepen fan it altyd sa smûke debatsintrum oan de Skoalstrjitte. De opkomst foel mei in dikke tritich besikers absolút net ôf. Underskreaune hat it lêste healjier by ferskillende debatjûnen west yn De Bres dy't organisearre waarden troch ferskillende politike partijen. By de bêst besochte debatjûnen hellen se de tweintich besikers noch net, wat dat oangiet kin it dus altiten minder. Nei in iepening fan FNPjongerein foarsitter Saapke Voolstra mocht David Linden fan de YSI ôfstekke mei syn ferhaal. It ferhaal begûn by it oprjochtsjen fan de partij yn 1934 en David gong pratendewei de wichtichste mominten bydel yn de skiednis fan SNP en it resinte bestjoerlike ferline fan Skotlân. Doe't dat dúdlik waard koe David syn ferhaal fertelle oer de kampanje dy't de SNP de lêst jierren fierd hat. De kampanje fan de SNP liet foaral in posityf lûd hearre oer Skotlân, basearre op hurde sifers en mienskipssin. Yn ferbân mei it referindum fan septimber 2014 is der ek in kampanje tsjin de ûnôfhinklikens útein set. David ferhelle oer de saneamde fear campaign fan de tsjinstanners fan ûnôfhinklikens. Dat hâldt yn dat de tsjinstanners fan de ûnôfhinklikhyd  fine dat Skotlân te lyts, te dom, en te earm wêze soe. En oer dat lêste punt is aardich wat te dwaan. David die ús ek te witten dat, neffens de nasjonele statistiken fan it Feriene Keninkryk, Skotlân elk jier 4 miljard pûn tefolle betellet oan Londen. Boppedat stiet der yn ferskillende regearingsdokuminten fan Westminster te lêzen dat Skotlân noch foar fjirtich jier natuerlike grûnstoffen hat en dat dy grûnstoffen tsientallen miljarden opsmite moatte. En sa hie David in sterk en ynspirearjend ferhaal foar de gasten, dy't it him net kwea ôf namen dat er krekt wat mear tiid nedich hie as it healoerke dat him tasein wie.

 

Nei in koart skoft krige ús eigen Ultsje Hosper de flier. Ultsje gong yn syn ferhaal de besteande problemen noch wer eefkes bydel en begûn doe oer de mooglikheden foar Fryslân op de koarte termyn. Dêrby waard as konkreet foarbyld neamd it brûken fan Fryslân as proeftún foar it oerdragen fan rykstaken, sa't it regear it no ek wol mei de nij te foarmjen provinsje Noordvleugel (Flevolân, Utert, Noard-Hollân). Dúdlike foarbylden fan de lange termynfisy waarden yn it ferhaal fan Ultsje noch net neamd. Foaral oer dat lêste hienen de gasten graach mear hearre wold. Mar it boadskip dat de besikers konkreet mear dwaan wolle mei in eigen bestjoerlike takomst foar ús provinsje, dêr't ek mear foech by heard, waard oan de ein fan de jûn wol dúdlik. Dêrmei liket de fraach op de noeging foar de jûn ek wol beäntwurde. Foar de besikers wie it dúdlik dat Fryslân mear foech fertsjinnet en dat der oer foarm en ynhâld noch hiel wat te sizzen is. Wat ús oanbelanget wie de jûn dêrom allinnich al in grut súkses.




Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)