Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

Frysk perspektyf foar jongerein!

Sjoch it filmke fan de FNP hit 'Wurkje tegearre' fan Ruben de Vries mei Johannes Rypma, tekst oerset troch Michiel de Waal:

De jongerein is bêst ree om hjir te wenjen en te wurkjen, mar dan moat dat wurk der ál wêze. Hoe moai as it is om hjir te meiinoar te wurkjen, nei skoalle te gean en te wenjen, docht bliken út it filmke dat yn gearwurking ûntstien is mei it Fryslân Kolleezje (praktyk wurkgroep O3 wat stiet foar Onderwijs, Onderneming en Ondersteuning). It filmke is makke troch Ruben de Vries. Hy is krekt klear mei de mediaoplieding en hat de kâns krigen om foar ús (as FNPj en FNP) it tema 'Kansryk' foar ús jongerein ut te wurkjen. Meiinoar kinne je in soad beskreppe. Dat lit ek Johannes Rypma sjen yn dizze film. De tekst "wurkje tegearre" is oerset troch Michiel de Waal.

 

Braindrain ?

De lêste tiid heart men hieltyd faker fan de saneamde ‘braindrain': De flecht fan heechoplate minsken dy't nei harren oplieding fuortgeane út Fryslân fanwege harren kânsen op wurk. Dat is oars in ferskynsel wat ek spilet yn de oare noardlike provinsjes. De jongerein dy't hjir fuortset tinkt dat se hjir minder gau karriêre meitsje kinne as yn it westen. Dochs is der net allinnich mar min nijs. Der liket sels wer wat in tsjinbeweging te ûntstean. Ien op de fiif ynwenners fan de Rânestêd wol ferhúzje nei ‘de regio'. Foar in part is dat alderein dy't weromkomme nei it gebiet fan har jonge jierren, it oare part binne minsken dy't fan oarsprong gjin bining hawwe mei sa'n regio.

 

De foardielen fan Fryslân
Wurkje en wenje yn Fryslân hat in hiel soad foardielen, wy neame der hjir in stik as wat. Der binne hjir minder files, en de files dy't hjir steane binne minder lang. It wenjen hjir is goedkeaper. De kriminaliteit is minder as yn it westen. Der is hjir mear boartersromte foar bern. Mear sosjale kontrôle, mienskip! Yn Fryslân is der minder in ‘afrekencultuur'. Troch ferieningslibben binne de ferskillen minder grut tusken de minsken dy't hjir weinjen. Men komt mear meiinoar yn oanrekking. Ta beslút, it libben is hjir sûner en dat is fansels ek net ûnbelangryk. Foar de FNPj is dit fansels gjin nijs. Lykas de FNP brûke wy al in oantal jier "IK (pompebled) FRYSLÂN" oftewol "ik hâld fan Fryslân".

 

In passende baan
Mar wat wol de jongerein no eins? It antwurd is tige simpel: in passende baan en wurkûnderfining. Dy twa saken binne frij maklik te realisearjen mei saneamde traineeships. By ferskate grutte bedriuwen, de Provinsje en oare oerheden ha se al trainees yn tsjinst. By in traineeship wurde de minsken, wylst sy by in bedriuw wurkje, ek oplaat binnen dat bedriuw mei de yntinsje dêr wurkjen te bliuwen yn de takomst.

 

In grutte stap foarút
Troch ynnovaasje kinne bedriuwen, organisaasjes, it ûnderwiis mar ek de mienskip sels in grutte stap foarút meitsje op it mêd fan heechweardige wurkgelegenheid. De oerheid, mar foaral de bedriuwen kinne in grutte bydrage leverje oan in goed wurkklimaat yn Fryslân. En de earste multinationals, lykas Philips, fokusje net allinnich mear op it westen. Bygelyks yn Drachten stiet ien fan de meast high-tech fabriken fan Nederlân. Ek Wetsus op it mêd fan wetter en Friesland Campina hawwe hjir harren ûndersykslaboratoaria sitten dy't heechoplate minsken freegje. De polityk soe in bydrage leverje moatte oan it stimulearjen fan traineeships by bedriuwen sadat de kennisflecht ferminderet as sels ophâldt. In grut bykommend foardiel is dat by fakatueres foar heechoplate minsken der ek fakatueres frijkomme foar minsken mei in legere oplieding.

 

FNP Jongerein

 

It filmke is ek op YouTube te sjen fia dizze link: youtube.com/FbvYsiVh8kg

Freed 19 july gong de reade tried fan Omrop Fryslân oer de braindrain. Foarsitter fan de FNPj Saapke Voolstra prate dêr oer mei presintator Dirk Baron. Ek dat ynterview is hjirûnder te belústerjen.

 

 

Freed 19 july gong de reade tried fan Omrop Fryslân oer de braindrain. Foarsitter fan de FNPj Saapke Voolstra prate dêr oer mei presintator Dirk Baron.

 

 

 

Freed 19 july gong de reade tried fan Omrop Fryslân oer de braindrain. Foarsitter fan de FNPj Saapke Voolstra prate dêr oer mei presintator Dirk Baron.

 

 



Downloads:
Belusterje hjir it omrop fryslân ynterview mei ús eigen saapke voolstra
Frysk perspektyf foar jongerein!

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)