Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

Ferslach fan de fernijde opstartjûn fan de FNPj op 11 desimber 2015 yn "it Smelnehûs" yn Drachten.

Jetske Lysbeth fan it Haadbestjoer hjit alle  oanwêzigen fan herte wolkom  yn de boargemasterkeamer fan it eardere gemeentehûs fan Drachten.  Tefoaren binne safolle mooglik jonge leden telefoanysk befrege hoe't hja tsjin de FNP oer steane en oft hja komme wolle oft der  FNPj-gearkomsten organisearre wurde.  Dat bliek wol deeglik it gefal te wêzen, der  waard  fakentiids entûsjast op reagearre. 

It  doel fan dizze jûn is útlein: it mei inoar yn de kunde kommen, netwurkje, entûsjastmearje en  komme ta in fernijd platfoarm FNPj.

Ferslach fan de  fernijde opstartjûn fan de FNPj op 11 desimber 2015 yn "it Smelnehûs" yn Drachten.

JetskeLysbeth fan it Haadbestjoer hjit de 11 oanwêzigen fan herte wolkom  yn de boargemasterkeamer fan it eardere gemeentehûs fan Drachten.  Tefoaren binne safolle mooglik jonge leden telefoanysk befrege hoe't hja tsjin de FNP oer steane en oft hja komme wolle oft der  FNPj-gearkomsten organisearre wurde.  Dat bliek wol deeglik it gefal te wêzen, der  waard  fakentiids entûsjast op reagearre. 

It  doel fan dizze jûn is útlein: it mei inoar yn de kunde kommen, netwurkje, entûsjastmearje en  komme ta in platfoarm FNPj.

 

Om inoar  better kennen te learen, ha we oan it ‘speeddaten' west, yn wikseljende twatallen ha we mekoar befrege  oer ferskate  fragen lyk as  "Wêrom bist FNP-lid wurden?"  " Oan hokker Fryske klisjees foldochsto?"   "Wat fynsto it moaiste oan/yn Fryslân?

 

Twa jonge FNP-riedsleden oan it wurd.

Doe kamen Douwe Blom en Jelle Gerbrandy, twa jonge FNP-ers en beide riedslid yn Súd West Fryslân, oan it wurd oer wat harren driuwt om foar de FNP polityk aktyf te wêzen. Douwe is lid wurden yn de tiid dat  der praat waard om  meardere gemeenten  weryndield wurde te litten ta ien grutte gemeente yn de súdwest hoeke fan Fryslân. Doe hat er ‘m lilk makke en him ôffrege oft dit samar fan boppeôf oplein wurde kin en  makke  er de kar foar de FNP as partij, dy't noed stiet foar doarpsmienskippen, de leefberens fan it plattelân en it desintraal bestjoer heech yn it findel hat en it foech sa ticht mooglik by de boarger hâlde wol. De  ôfdielingsleden fan de wer yn te dielen gemeenten  ha syn  belutsenens  en aktive ynset  goed  op wearde  skatten en is er as fjirde op de kandidatelist foar de ferkiezings  pleatst.

Jelle Gerbrandy is  fan thús  út opgroeid mei polityk en de FNP en  hy  hat de kânsen, dy't de partij  in jong  aktyf lid biedt, grepen  en hat him wakker ynset yn it kampanjetiim en hoewol't er leger op de kandidatelist stie, is er dochs mei foarkarstimmen yn de ried kommen. En dit hat him sels al de mooglikheid bean om as jonge Fryske politikus  foar in seal fol mei mear as 200 minsken  yn debat te gean mei Alexander Pechtold fan D'66 oer it opgean litte wollen fan de provinsje Fryslân yn ien noardlik lânsdiel.  Om't er dit tefoaren goed taret hie en de organisaasje frege hie as earste it wurd  te krijen, krige er de seal mei en hat dit debat him in soad foldwaning jûn.

It riedswurk freget in soad tiid, hja ha beide oerdeis in baan en binne dan  jûns èn yn it wykein  drok  mei   politike saken  dwaande en  alderhande kontakten  te ûnderhâlden. Echt wol in swiere belesting en de partner moat it der wol mei iens wêze, mar beide ha wol safolle nocht  oan it demokratysk spul  yn de ried en prate dêr dizze jûn fol entûsjastme oer.  In gemeenteried hat echt wat te sizzen!  It kolleezje bestjoert, amtners skriuwe beliedsstikken en de ried hat in kontrolearjende funksje. Dêr stietst  net allinnich foar , mar binnen de  fraksje sitte  gelokkich  ek minsken mei in soad ûnderfining en  de griffy jout stipe  en amtners kinst om  neiere ynformaasje freegje en leist dyn ear te harkjen by ynstellings, pleatslike belangen en boargers. Hja merke dat hja as nijkommers net troch âlde patroanen en tinkwizen beheind  wurde en soks kin yn de fraksje trochbrekkend en  fernijend wurkje!  Sa't Jelle it seit: "Do bist jong, dêr hast foardiel fan". En ropt de oanwêzige jongeren op om net te benaud te wêzen, ast belangstelling hast foar politike saken en maatskiplike problematiken en ast der wat oan dwaan wolst, gryp de kânsen dy't binnen de FNP  bean wurde!

Om oan te jaan dat dizze FNPjongereingearkomste net foar ien kear  organisearre wurdt,  is yn it foar al oanjûn dat we  it kommende healjier de 22ste jannewaris en de 18de  april fan 2016  op ‘e nij by elkoar komme sille.

Der wurde ferskate aktiviteiten neamd dat we ûndernimme  kinne. Fan in  polityk kafee  itsij in kongres organisearje, jongelju opsykje  by de  skoallen (benammen  ek oan it begjin fan in nij stúdzjejier) en ‘dophokken' besytsje om  mear jongeren by  de partij  te belûken , tema's útdjipje, debattrening, mei in oare partij in debat organisearje.  Mar yn it begjin elkoar foaral kennen  leare  en it mei ek best gesellich wurde.

It is de bedoeling dat inkelde  entûsjaste   leden  in bestjoer foarmje  en ynisjativen ûntwikkelje om de FNPj ta bloei te krijen. En neffens de lûden fan dizze earste jûn sil  dat grif slagje! Neffens it húshâldlik reglemint fan de FNP is oan elke kommisje minstens ien HB-lid ferbûn en dat  jildt ek foar de FNPj.

 

Der leit foar elk  FNP-promoasjemateriaal klear om mei te nimmen. Sokke snypsnaren  kin in  oanlieding  wêze om by oaren  de FNP te praat te bringen.

De e-mailadressen binne by de útnûging foar  dizze jûn  as BCC net yn sicht kommen. Fansels wurdt it op priis steld dat elk mekoars emailadres te witten kriget. En it idee om oan elk  e-mailadres in  alias foarnamme.achternammefnp.frl  te keppeljen wurdt op priis steld.

 

De noflike neisit befalt  wol sa goed  dat it aardich let wurdt.

 

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)