Logo FNP

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

FNP Jongerein

Frysk | Nederlands

Wa binne wy?

FNPjongerein logoWy binne de jongerein fan de Fryske Nasjonale Partij

De FNPjongerein, of ôfkoart ek wol FNPj, is in kommisje foar FNP-leden oant en mei 30 jier en is oprjochte op 12 septimber 2007. Foarsitter sûnt dy tiid is Saapke Voolstra (saapke.voolstrafnp.frl). Wy binne in iepen polityk jongerein platfoarm. De FNPj siket de jongerein yn de provinsje op en is altyd ree om it petear oan te gean. Binnen de partij jouwe wy it lûd fan de jongerein. Dêrnjonken organisearret de FNPj aktiviteiten foar de leden. Dizze jongereinleden studearje faaks noch of hja binne krekt útein set mei in earste baan. Sy stypje, sterk bewust fan de eigen identiteit, de sân kearnwearden fan de FNP. De FNPj hâldt him dwaande mei Fryske en ynternasjonale polityk. Yn dat ramt komme saken lykas ûnderwiis, wurkgelegenheid, starterswenten en rjochten fan minderheden op it aljemint. As nasjonale minderheid sjogge wy by de FNPj ek nei oare minderheden yn Europa en wy binne dan ek fertsjintwurdige yn de EFAy (European Free Alliance Youth).

 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2017 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)