NIJS   07-02-2011


Jongereinketen net ferbean yn Wymbritseradiel (no SWH)

Yn desimber wie by de Ried fan Steat (hjirnei RS) in sitting oer it ketebelied fan de gemeente Wymbritseradiel (no Súdwest Fryslân). By de sitting wie de FNPjongerein ek fertsjintwurdige. De útspraak fan de RS wie dizze wike.

De útspraak fan de RS is noch net definityf. De SWF gemeente sil earst ûndersyk dwaan moatte nei de drankferstrekking yn de keten. De útkomsten fan dat ûndersyk sille brûkt wurde by de definitive útspraak.

It folsleine tuskenbeslút fan de RS kinne jim hjir fine: http://www.raadvanstate.nl/agenda/nieuws/nieuwsbericht/?news_id=127

 

Wy binne bliid dat de keten foarearst noch net ferbean wurde yn SWF. Yn Nijefurd binne keten yn 2010 abrupt sluten. It Buro Earlike Meidingen en Keninklike Hoareka Nederlân waarden troch de gemeente Nijefurd yn it lyk steld, dat de keten ûnearlike konkurrinsje wêze soene foar de hoareka en dat der te min tafersjoch wie op de keten. It tuskenbeslút fan de RS jout oan dat der formeel gjin bewiis is.

 

Ek yn ús rapport fan 2009 kaam nei foarren dat de keten gjin konkurinsje binne fan de hoareka. Gauris sammelet de jongerein yn de keet, om dêrnei as groep fierder te gean nei: de ferskillende hoareka.

Yn in artikel yn Trouw fan 28 jannewaris 2010 komt alwer nei foarren dat de keten in wichtige sosjale funksje hawwe. ‘Het samenzijn met vrienden is de belangrijkste reden om een keet op te richten' neffens ûndersiker en kultureel geograaf Koen Salemink.

 

Wy fine it tige wichtich dat de jongerein in eigen plak hat yn it eigen doarp dêr't se byinoar komme kinne. Gemeenten moatte dêrom net de maklike wei kieze om keten ticht te smiten, mar kieze foar it petear mei de jongerein. Meitsje ôfspraken, regels dêr't in keet oan foldwaan moat. Jongerein dy't belutsen bliuwe by harren eigen mienskip soargje foar leefberens en libben yn in doarp, en dêr hat eltsenien profyt fan.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer