NIJS   20-04-2011


FNPj net akkoard mei halje-trawalje foarstelde presidint EFAy

Op sneon 16 april waard yn Mariahamn op de Ålandeilannen in gearkomste hâlden fan de European Free Alliance Youth (EFAy). Us eigen FNPj foarsitster Saapke Voolstra hat dêr hinne west as ôffurdiging fan de FNPj.

Op sneon 16 april waard yn Mariahamn op de Ålandeilannen in gearkomste hâlden fan de European Free Alliance Youth (EFAy). Us eigen FNPj foarsitster Saapke Voolstra hat dêr hinne west as ôffurdiging fan de FNPj. De gearkomste waard iepene troch Irati Aizpura Alquezar, de presidint fan de EFAy. Yn har iepening neamde sy de ekonomyske krisis ek in krisis foar de jongerein; wy hawwe as jongerein hast gjin kâns op wurk, ek al hawwe jierren fan oplieding efter de rêch. Fierders kaam nei foaren dat der ôfrûne jier in goede gearwurking west hat mei it buro (deistich bestjoer) en de partijen dy't lid binne fan de EFAy. Yn har iepening joech sy ek oan dat sy net op ‘e nij keazen wurde koe as presidint troch persoanlike omstannichheden.

 

Yn it begjin fan dizze gearkomste waard it statút fan de EFAy oanpast. No meie alle politike jongerein organisaasjes, wêrfan de memmepartij net lid is fan de EFA, lid wurde sa lang at de organisaasjes wurkje neffens de ûnderwerpen, de wearden en de regels fan de EFAy.

 

De EFAy is op dit stuit wer in sûne organisaasje, omdat de EFAy de subsydzje fan de Europeeske Kommisje fan hast €40.000 foar 3 jier wer tasein krigen hat. Der wienen ek wer  in soad aktiviteiten wêr't de EFAy yn partisipearre hat. Foar it kommende jier binne der ek wer in soad plannen, wêrûnder it opnij opsetten fan de website, Facebook en in blog. 

 

Op dizze gearkomste waarden ek in oantal nije partijen as lid of as observator oannaam. De partijen Mladi Moravané (Tsjechië) en PNC-Ghjuventù (Korsika) waarden oannaam as lid en de Junge Spitzen (Dútsktalige minderheid yn Denemarken) waard oannaam as observator.

De FNPj winsket alle nije leden en de nije observator folle lok mei dizze beneaming.

 

Fanwege de tiid hie de gearkomste frege of de ferkiezing fan it buro en de ferkiezing fan in nije presidint nei foaren skoot wurde koe. By de taljochting fan de ôfgeand presidint Irati Aizpura Alquezar die bliken dat sy it beslút om har presidintskip del te lizzen, twa dagen foar de gearkomste naam hie. Sy hie ek in ferfanger benadere dy't him ferkiesber stelle woe. Foar in soad partijen, wêrûnder de FNPj, wie it foar oanfang fan de gearkomste net bekend dat der in oare kandidaat komme soe foar de funksje fan presidint. In grut oantal partijen (wêrûnder wy) woenen net akkoard gean mei de nije kandidatuer en hienen dan ek in soad fragen oer de manier fan wurkjen. Gjin inkelde partij koe ommers oerlizze mei harren efterbân of tsjinkandidaten yntsjinje. Op de gearkomste ûntstie in ympasse neidat der stimt waard oer oft wy op dizze gearkomste in nije presidint kieze moasten of dat dit op in noch út te skriuwen gearkomste letter dit jier barre moast. Der waard mei ien stim ferskil foar stimd dat de gearkomste op dit stuit in nije foarsitter kieze moast. Omdat de emoasjes heech oprûnen waard der besletten dat wy in koart kofjeskoft namen om dêrnei in oplossing te sykjen foar dizze ympasse. 100 2414 640x480 Nei dit skoft die bliken dat de ienige kandidaat him weromlutsen hie, sadat der gjinien keazen wurde koe. Hjir koe de foarsitter fan PNC-Ghjuventù him net yn fine en hy stelde him kandidaat. Eins koenen wy no wer fan foaren ôf oan begjinne. Op dat stuit is besletten dat dizze kandidatuer net serieus neamd wurde koe omdat de gearkomste gjin fierdere ynformaasje oer him hie en is der foar keazen om wol in buro mar gjin presidint te kiezen. Nei in foarstelrûnte fan alle burokandidaten, is spitich genôch is ús kandidaat Chris van Hes net keazen, mar de FNPj sjocht wol in prima gearwurking mei it nij keazen buro.

 

It kiezen fan in nij buro wie it lêste agindapunt dat behannele is op de gearkomste, ek omdat in soad dielnimmers werom moasten nei de bus om wer nei hûs te gean. De FNPj fynt it tige spitich dat wy net takaam binne oan it politike diel fan de gearkomste: it behanneljen fan de yntsjinne moasjes. De FNPj sil besykje om de moasjes by in kommende gearkomste noch ris op it aljemint te bringen.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer