NIJS   16-09-2011


No folút foarút mei Europa

Europa is dizze dagen op in krúsjaal punt bedarre. De finansjele en ekonomyske krisis twinge Europa en Nederlân om no flinke stappen foarút te setten. Wat foarhinne ûnbesprekber like is no needsaak om Europa finansjeel, ekonomysk en polityk út de nederklits te skuorren.

Annigje 2011
 

 

 

 

Annigje Toering, polityk lieder FNP en
Sybren Posthumus, bestjoerslid Europarlemintspartij EFA

 

Reaksje?
a.toering-schuurmansfryslan.nl of s.posthumusfryslan.nl

 

 
  Sybren 2011 

Nei it mislearre referindum oer de Grûnwet en de opkomst fan PVV en SP wie Europa ynienen in smoarch wurd wurden. Fandêr dat wy mei bestjoerders sitte dy't stjerrende benaud binne foar de publike opiny en de PVV. Mar dy bestjoerders moatte tagelyk omwille fan it direkte Nederlânske finansjele belang no grutte stappen foarút sette.

 

Nederlân is mear as ea ôfhinklik fan Europa. As de Euro mislearret om't politisy de politike yntegraasje net doarre te keppeljen oan de finansjele yntegraasje, dan binne de rapen gear. Benammen yn in eksport- en trochfierlân lykas Nederlân. It is dêrom Nederlânsk belang dat regear, parlemint en politike partijen der alles oan dogge dat Europa in súkses wurdt.

 

Guy Verhofstad sei okkerdeis yn de NRC: "Wij zijn de uitvinders van de natiestaat en wij hebben moeite om dat los te laten. Dat is ons probleem". Om it monetêre belied en dêrmei gearhingjende betrouwen yn de Europeeske ekonomy oerein te hâlden is it needsaaklik dat de nasjonale politike elites it oandoarre en lit harren machtsposysje los.

 

Europa kin allinnich mar slagje as it troch ús allegearre droegen wurdt. It Europeesk parlemint moat in serieus tsjinwicht biede kinne oan de Europeeske Kommisje. Boargers moatte streekrjocht ynfloed krije op dat parlemint en dus binne Europeeske (en net langer nasjonale) kieslisten needsaaklik. Dat betsjut tagelyk minder sizzenskip foar de ministers fan de naasjesteaten. Fierder in stevige fertsjintwurdiging fan de regio's fia it Europeesk Komitee fan de Regio's. Dat sjogge wy as in soarte fan Senaat dy't tsjinwicht biede kin oan de nasjonaal oriintearre politike krêften. Europeeske belestingen prima, mar dan ek skrasse yn de besteande nasjonale belestingen en fia it Europeesk parlemint sizzenskip foar de boarger oer wat der mei dy belestingsinten bart.

 

Dat betsjut dat it needsaaklik is om hjir yn Nederlân in effektive diskusje te fieren oer de fierdere yntegraasje fan Europa en wat dat foar ús politike stelsel betsjut. Wy kinne net in feriene Europa bouwe en tagelyk kwa sizzenskip alles by it âlde litte.

Dat ferget in nije ôfstimming fan wat op Europeesk nivo yn Brussel besluten wurde moat en wat op it regionale nivo yn Ljouwert dien wurde kin (tink oan natoerbelied, ûnderwiis en (regionale) ekonomy). En wat der dan noch oerbliuwt is foar Den Haach. Foar guon Haachske politisy sil dat as in bedriging oerkomme, mar foar regio's as Fryslân is it in nije kâns.

 

Annigje Toering, polityk lieder FNP

Sybren Posthumus, bestjoerslid EFA

 

 

Dit artikel is tagelyk publisearre as Te Gast yn de Ljouwerter Krante fan 16 septimber 2011



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer