NIJS   15-04-2009


FNPjongerein nei Algemiene Ledegearkomste EFAy

Op tongersdei 26 maart 2009 wie yn Barselona de algemiene ledegearkomste fan de EFAyouth. De gearkomste wie foar de jongereinorganisaasjes fan de politike partijen dy't oansletten binne by de EFA.

Saapke Voolstra hat dêr foar de FNPjongerein hinne west. Op it program stienen in oantal nijsgjirrige punten. De gearkomste begûn mei in politike merk. De jongereinorganisaasjes koenen har dêr presintearje mei materialen dy't se meibrocht hienen. De FNPjongerein hie hjir fansels harren bierfiltsjes lizzen en wat oare materialen fan de FNP. De bierfiltsjes wienen in grut súkses. Ek de FNPjongerein hat in soad ideeën opdien foar takomstich promoasjemateriaal. De merk wie ek bedoeld om meiïnoar yn 'e kunde te kommen. Ek dat is tige slagge.

It promoasjemateriaal fan de FNPj

De gearkomste gong fierder mei it offisjele part.

In tal politike jongereinôfdielings koe it waarnimmerskip oanfreegje. Dat is nedich om letter folslein EFAy lid te wurden.

Tige wichtich foar de FNPjongerein is dat de SSWU ek it waarnimmerskip oanfrege hat. De SSWU fertsjinwurdiget de Deenske minderheid en de Friezen yn Noard-Fryslân. Dêrnei koene de organisaasjes dy't no waarnimmer binne it folsleine EFAy lidmaatskip oanfreegje.

 

Gjin subsydzje

It minder goede nijs op de gearkomste wie dat de Europeeske subsydzje foar de EFAy net takend is. Dat betsjut dat der in tekoart op de begrutting komt. Fansels sille de EFAy, de EFA en de partijen dy't oansletten binne by de EFAy alles besykje om dat tekoart oan te foljen en om protest yn te tsjinjen tsjin it beslút.

Fierders hat de EFAy ek in nij bestjoer en in nije foarsitter keazen. De FNPj fertsjinwurdiger hat meiholpen yn it stimburo.

Nei de gearkomste hat de groep noch meiïnoar út iten west en dêrnei it nachtlibben fan Barselona besjoen. Der binne in soad nije freonskippen ûntstien.

SSWU is observator wurden binnen de EFAy en de FNPjongerein is sadwaande net mear de ienige organisaasje dy't de Friezen as folk fertsjinwurdigje binnen de EFAyouth.

 

De EFAy yn Barselona mei op de efterste rige Saapke Voolstra (mei rôze sjaal)



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer