NIJS   12-10-2011


EFA konferinsje yn 2012 nei Fryslân

Brussel - De FNP hat mei súkses de EFA-konferinsje yn 2012 nei Fryslân ta helle. De FNP wie al in goed healjier kandidaat en 11 oktober hat it bestjoer fan de Europarlemintspartij EFA (Europeeske Frije Alliânsje) besluten dat de ynternasjonale konferinsje definityf nei Ljouwert ta komt. De konferinsje sil fan 22 oant en mei 25 maart 2012 hâlden wurde. Op de moeting komme sa'n 140 dielnimmers fan 40 nasjonaliteiten út 16 lidsteaten út hiel Europa.

Sybren PosthumusOp de foto: Sybren Posthumus (bestjoerslid EFA)
Reaksje? Mail
s.posthumusfryslan.nl

 

De FNP sjocht der nei út om  gasthear te wêzen fan dizze Europeeske byienkomst. De konferinsje duorret 3 dagen dêr't ûnder oare in Algemiene Ledegearkomste hâlden wurdt fan de Europarlemintspartij EFA.

 

Mar dêrneist komme ek aktuele Europeeske en regionale saken oan 'e oarder. Yn it ferline binne der bygelyks moasjes en resolúsjes opsteld oangeande seekonteners, de finansjele krisis, kustbeskerming en stipe foar de eilannen. Njonken Europarlemintariërs sille nasjonale en regionale politisy  fan Wales  oant Hongarije en fan Kataloanje oan de Aland eilannen by Finlân dan nei Fryslân komme. Der wurdt ynternasjonale parse ferwachte en tolken sille de partisipanten bystean.

 

It nei Fryslân ta heljen fan 'e konferinsje past yn 'e eagen fan de FNP by in groeiende partij, dy't ferantwurdlikens nimt op alle nivo's, 'fan Berltsum oant Brussel' aktyf meidraait en no ek yn Fryslân yn it kolleezje fan Deputeare Steaten sit.

 

De EFA (www.e-f-a.org) is mei 7 Europarlemintariërs fertsjintwurdige yn it Europeesk parlemint. Totaal hat de partij 40 lidorganisaasjes út 16 EU-lidsteaten, mei yn totaal sa'n 3.000 folksfertsjintwurdigers op EU, steats- regionaal- en lokaal nivo.

De lêste jierren wienen de konferinsjes yn Bilbao (2007), Mallorca (2008), Barselona (2009), Fenetië (2010) en de Aland eilannen (2011). De FNP is ien fan de sân partijen dy't yn 1981 de EFA oprjochte hawwe.

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer