NIJS   01-11-2011


FNPj lid keazen as stazjêr by EFA yn Brussel

Olrik Bouma (25) fan De Jouwer is keazen as stazjêr by de Europeeske Frije Alliânsje (afgekort EFA: European Freedom Alliance). Olrik is neist skaadfraksje- en bestjoerslid fan FNP ôfdieling Skarsterlân ek in FNPj'er en hat sels in pear kear meidraaid mei ús FNPj-kommisje.

Olrik BoumaDe EFA is de politike Europees Parlemintspartij besteande út rûchwei 35 regionale demokratyske partijen út mear as tsien Europeeske lannen en hat 7 sitten yn it Europeesk Parlemint. Olrik sil as stazjêr yn de perioade fan 1 desimber 2011 oant en mei de ein fan april 2012 polityk en administrative taken útfiere. Dat sil dien wurde ûnder lieding fan de EFA-minsken Günther Dauwen en Eva Bidania Ibargutxi yn it haadgebou fan de EFA yn Brussel. Hy sil ek ien wike meirinne mei in EFA-lid fan it Europeesk Parlemint. Hy is krektlyn ôfstudearre as master yn de rjochten mei as spesjalisme Ynternasjonaal Rjocht en sil dat yn Brussel goed brûke kinne. Ek fine wy it moai dat hy út namme fan de FNPj no noch tichterby de EFA Youth (EFAy, jongereinôfdieling fan de EFA) sitte kin en wy binne benijd nei syn ûnderfinings dêrmei.

Olrik sil it no de kommende tiid wol tige drok hawwe yn Brussel en wy winskje him dan ek in soad sukses en wille ta by dit Europeeske aventoer!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer