NIJS   05-11-2011


Utnoeging en wurklist ledegearkomste FNPj (18 novimber)

Freed 18 novimber om 20:00 oere binne ús FNPj-leden (dat binne de FNP-leden fan 30 jier en jonger) tige wolkom op it FNP-partijhûs yn Ljouwert foar de alderearste ledegearkomste fan de FNPjongerein.

Elts FNPj-lid hat dit wykein in slúf yn de brievenbus ûntfongen. Yn dizze slúf siet ûnder oaren in wurklist fan de ledegearkomste en in lytse rûtebeskriuwing. Wy hoopje dat alle leden manmachtich oanwêzich binne! Noch gjin lid mar do wolst dat al wurde? Gjin probleem! Stjoer in e-mail nei fnpjongereingmail.com en alles komt goed! De jierlikse bydrage is €13,- dus mar in benaud lyts bytje! Bist noch gjin 18 jier? Dan moatte dyn âlders wol efkes tastimming jaan. Fan 18 jier ôf hast binnen de FNP stimrjocht en kinst folslein meiprate en dus ek meibeslisse by de ledegearkomsten fan FNPj en FNP.

 

 

Ledegearkomste FNPjongerein

Datum: freed 18 novimber 2011
Tiid: 20:00 oere
Plak: partijhûs FNP, Obrechtstrjitte 32, 8916EN Ljouwert

 

Wurklist

1.  Iepenjen
2.  Jierferslach 2010-2011
3.  Jildsaken
4.  Funksjes binnen de FNPjongerein
5.  FNPj en sosjale media
6.  EFAyouth
7.  Omfreegjen
8.  Skoft
9.  Presintaasje Jochum Meester; FNPj'er en riedslid gemeente Skarsterlân
10.  Sluten

 

 

Ferfier

rute Obrechtstrjitte Ljouwert QRcode Buslinen fan stasjon Ljouwert ôf:

6 rjochting Bilgaard, útstappe by de Transvaalstrjitte

54 rjochting Dokkum, útstappe by St. Bonifatiuspark/PJ Troelstrawei

 

Asto oars noch problemen hast mei it ferfier nei it partijhûs oan de Obrechtstrjitte, kinsto kontakt opnimme mei Wolter Jetten fia mobyl 06 1011 9849 of e-mail wwjetten [at] googlemail.com en dan regelje wy wat!

 

Kaartsjes:
Klik hjir foar Google Maps of hjir foar 9292ov.nl (iepenbier ferfier-planner). Hjirûnder ek noch inkele kaartsjes dy't dy op paad helpe kinne:

rute Obrechtstrjitte Ljouwert

rute Obrechtstrjitte Ljouwert 2

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer