NIJS   15-01-2012


Saapke (FNPj foarsitter) op Omrop Fryslân radio en TV foar #FNP50jier

It 50-jierrich jubileum fan de Fryske Nasjonale Partij waard juster troch hûnderten FNP-ers fierd mei in sympoasium en gesellige jûn yn Earnewâld. Foarôfgeand oan dit jubileumfeest mar ek op de dei sels binne ferskate FNP-ers op radio en tillevyzje west om werom te sjen op de ôfrûne 50 jier mar ek foarút te sjen. Us eigen foarsitter Saapke Voolstra wie dêr ien fan en kaam net allinne op 'e radio mar ek op de tillevyzje.

Pyt Kramer en Saapke Voolstra op Omrop Fryslân TV

Der ûntstie in soad opskuor doe't Pyt Kramer tegearre mei neef Folkert Binnema yn 1962 de FNP oprjochtte. Se pleitsje ûnder oaren foar in selsstannich Fryslân. Omrop Fryslân seach mei oprjochter Kramer werom op de ôfrûne 50 jier en hie it mei Saapke Voolstra fan de FNP-jongerein oer de takomst fan de partij: http://youtu.be/Df49O2EDL3E

 

Radioprogramma De Reade Tried

De Reade Tried - Omrop FryslanIt tema fan it radioprogramma De Reade Tried fan freed 13 jannewaris wie '50 jier FNP'. Yn in ferskaat oan radioprogramma's kaam dit tema oer de hiele dei werom. Saapke waard as jong FNP-lid ek skille om te reagearjen op in stelling. Dizze stelling wie:

 

"De FNP hat noait echt foet oan de grûn krigen
It is 50 jier lyn dat de FNP, de Frysk Nasjonale Partij oprjochte waard. Om har yn te setten foar de Fryske taal en kultuer, en foar autonomy foar Fryslân. Yn 1966 krige de FNP foar it earst sitten yn de steaten en de gemeenterieden. Mar hat de partij ek fan ynfloed west? De FNP kin wol op sympaty rekkenje, mar as it op stimmen oankomst binne PvdA en CDA dochs altyd de grutsten. Pas ferline jier kaam de partij foar it earst op it plús yn de provinsje, Johannes Kramer is de earste FNP-deputearre."

Saapke kaam rûn ketier oer trijen yn de útstjoering binnen en hat reagearre op fragen lykas: 'docht de FNP der noch ta' en 'kinst merke dat der ek jongerein by de partij belutsen binne'. Jim kinne de útstjoering werom harkje by it Omrop radioargyf fia de folgjende link (it begjint rûn 17 minuten en 10 sekonden):

http://www.omropfryslan.nl/radioargyf/13-jannewaris-1500-1600

 



Saapke (FNPj foarsitter) op Omrop Fryslân radio en TV foar #FNP50jier



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer