NIJS   19-03-2012


Antwurd op fragen FNP oer (digitale) stimulâns Fryske jeugdliteratuer

De Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe moandei 19 maart antwurd jûn op de troch de FNP stelde fragen oangeande Fryske jeugdliteratuer:

jonges fan gaasterlan"Ljouwert, 14 maart 2012

 

Achte frou Toering,

 

Yn antwurd op jo skriftlike fragen nei oanlieding fan it opinystik fan Sigrid Kingma yn it Friesch Dagblad fan 18 febrewaris ll. oer Frysktalige jeugdliteratuer, ynkommen op 24 febrewaris en ynboekt ûnder nûmer 994118, op grûn fan kêst 39 fan it Reglemint fan Oarder, diele wy jo it folgjende mei:

 

1.    Hawwe DS kundskip nommen fan it opiny artikel fan Sigrid Kingma yn it Frysk deiblêd fan 18 febrewaris ll. ? 

Ja, dat hawwe wy. It opinystik is de skriftlike delslach fan in lêzing yn it ramt fan it Literêr Sirkwy. Literêr Sirkwy is in aktiviteit fan û.o. it Skriuwersboun. It Boun kriget in budzjetsubsydzje fan de provinsje. Yn it ramt fan de regeling Aktiviteiten Fryske Literatuer is spesifyk subsydzje takend oan de aktiviteit Literêr Sirkwy.

 

2.    Werkenne DS har, lykas de FNP, yn de konklúzjes fan har ûndersyk en it artikel, nammentlik dat: a. der ferlet is fan mear Fryske boeken/literatuer foar de leeftydskategory tusken 6 en 16 jier omdat bern dêr sels nei freegje; b. de provinsje Fryslân fia aparte budzjetten foar boeken foar ferskate leeftiden in stimulearjende rol hawwe kin op de útjefte fan it tal jeugdboeken?  

a.    Wy konstatearje dat der foar de leeftydsgroep oant en mei 12 jier in behoarlik oanbod is oan Frysktalige boeken, mar sinjalearje ek dat it oanbod foar de leeftydsgroep dêrboppe (jeugdliteratuer), lykas ek bliken docht út it troch jo oanhelle opinystik, minder grut is.

b.    De regeling Útjaan Frysktalige literatuer stiet ek iepen foar Frysktalige jeugdliteratuer. Wy kinne útjouwers lykwols net foarskriuwe foar hokker boeken sy subsydzje oanfreegje wolle. 

 

3.    Binne DS ree om har fierder te oriïntearjen op de oanjûne problematyk en dêr by de nij te ferskinen Taalnota op werom te kommen?  

Ynstee fan in nije Taalnota, komt der in nije, yntegrale beliedsnota foar kultuer, taal en ûnderwiis, foar de perioade fan 2013 ôf. Yn dy nota sil ek it literatuerbelied meinommen wurde. Wy sille de troch jo beneamde problematyk oangeande (it gebrek oan) jeugdliteratuer dêrby te belûken. Wy sjogge op dit punt ek in dúdlike relaasje mei ús belied oangeande it Frysk yn it ûnderwiis. 

 

4.    Binne DS ree om foarôfgeand oan de behanneling yn Kommisje en Steaten fan de yn 2012 (?) te ferskinen nije Taal- en Kultuernota de Provinsjale Steaten te ynformearjen oer de besteande en mooglike nije taalbefoarderingsmiddels foar de wat âldere jeugd tusken 6 en 16 jier?    

De Steaten binne by brief fan 6 maart ll. ynformearre oer it proses oangeande de nije yntegrale beliedsnota foar kultuer, taal en ûnderwiis. Doel is dat dy nota noch yn 2012 troch de Steaten behannele wurde kin. De Steaten sille ek by it foartrajekt belutsen wurde. It troch jo hjirboppe neamde punt kin diel útmeitsje fan jo ynbring by sokke expert meetings.  Wy geane der fan út jo sa foldwaande ynformearre te hawwen. 

Mei rju achtinge,

 

Deputearre Steaten fan Fryslân,

       

J.A. Jorritsma, foarsitter

drs. A.J. van den Berg, sekretaris"

Boarne: www.fryslan.nl

 

Sjoch ek it folgjende artikel op dizze webside:
"FNP wol (digitale) stimulâns Fryske jeugdliteratuer" (24 febr 2012)

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer