NIJS   30-08-2009


FNP-jongerein presintearret rapport oer keten yn Fryslân

De keten yn Fryslân ha de ôfrûne jierren faak yn it nijs west. De klam lei benammen op problemen lykas drank- en drugsgebrûk.

Minsken dy't gjin bining mei in keet hawwe, kinne in negatyf byld fan de keten yn Fryslân krije. Mar is it wier sa slim steld mei de jongereinketen? Slaan drank en drugs dêr foar master op? Om dêrachter te kommen hawwe wy as FNPj  yn april en maaie by 8 keten del west om in tal fragen dúdlik te krijen. Ien fan de konklúzjes is dat de keten fan grut belang binne foar de jongerein en de mienskip. Ek die bliken dat it mei it drank- en drugsgebrûk genôch tafalt.

 

Saapke langet it rapport oer oan Johannes Kramer

 

 

Fan Dongeradiel oant en mei Gaasterlân-Sleat ha wy mei de jongerein praat oer saken dy't yn de mienskip spylje en dingen dy't foar de jongerein fan belang binne. Nei de ketetocht ha we alle 31 gemeenten fan Fryslân frege nei harren ketebelied. It resultaat fan dit alles is in nijsgjirrich ûndersyksrapport mei in beskriuwing fan de situaasje yn de acht besochte keten, in rapportaazje oer hoe't it stiet mei it gemeentlik belied en in tal konsept-beliedsregels, konklúzjes en oanbefellings oangeande de jongereinketen.

Johannes Kramer joech nei ûntfangst fan it rapport oan der tige wiis mei te wêzen en der grif wat mei te dwaan. It rapport sil ûnder oaren nei alle Fryske gemeenten tastjoerd wurde.



Downloads:
Ketenrapport FNP jongerein


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer