Yn de moasje wurdt frege om foar alle minderheidstalen yn Europa it foech by de regionale oerheden del te lizzen. De FNP jongerein hawwe der muoite mei dat de measte bern yn Fryslân as analfabeet yn harren eigen taal opgroeie. Dêrom fine sy dat de provinsje it foech krije moat om goed taalûnderwiis te organisearjen yn it basis- en fuortset ûnderwiis.
Nasjonaliteit
De FNP jongerein tsjinnet op itselde EFAy-kongres ek in moasje yn oer it brûken fan de Nederlânske nasjonaliteit. Op dit stuit kinne Friezen allinnich kieze foar de Nederlânske nasjonaliteit op harren ID-kaart, paspoart of rydbewiis. Wy sille freegje om in skieding yn steatsboargerskip en nasjonaliteit te meitsjen. Dat soe betsjutte datst de Fryske nasjonaliteit hast neist it Nederlânsk steatsboargerskip. Dat sil foaral ta utering komme op de offisjele dokuminten.
De FNP jongerein tinke dat dizze twa moasjes bydrage oan de emansipaasje en lykweardigens fan it Frysk-eigene en de Fryske identiteit.
Foar mear ynformaasje kin der kontakt opnaam wurde mei Saapke Voolstra, foarsitter FNP jongerein, 06-50813896