De priisfraach is hâlden by de politike merk dy't organisearre wie troch de stichting Jongeren & Polityk Fryslân. Dit wie nei ôfrin fan it Frysk Jeugdparlemint (filmke sjen? klik hjir) wat fan woansdei 7 oant 'e mei freed 9 maart hâlden is yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Underoan dizze side fine jim noch twa foto's fan dizze politike merk.
Yn itselde provinsjehûs wurdt it earste ljipaai ek altiten 'lottere'; by it lotterjen wurdt it aai yn it wetter lein en as it sinkt dan betsjut dat dat it aai noch farsk is. It earste ljipaai waard sneon 10 maart om 7.48 oere moarns fûn troch Jan Oosterman út Aldehaske. Hy fûn it aai yn de lannen oan de Fûgelsangwei (tapaslike namme) tusken it Nannewiid en it Hearrenfean. It aai wie net allinne it earste ljipaai fan Fryslân, mar ek fan hiel Nederlân! Ek moai: Oosterman hat dy sneon, om de fûnst neffens gebrûk by de boargemaster oan te bieden, nei de meldkeamer fan de plysje belle dy't him dêrnei trochskeakele hat nei de boargemaster!
Us priisfraachwinner de hear Zeldenrust hie op syn briefke it antwurd '10 maart om 11.23 oere' skreaun en siet der mei 3.5 oeren ferskil dan ek it tichtste by. No ja.. eins siet ús eigen foarsitter Saapke der mei 10.00 oere noch tichterby, mar dy hawwe mar efkes útsletten fan dielname! Wol sa earlik, no?
Under it motto "better let as net" wolle wy de hear Zeldenrust noch fan herte lokwinskje! Wy stjoere him de priis, it boekje 'Fûgels' fan It Fryske Gea plus noch wat oare Fryske snústerijen, sa gau as mooglik ta.
Foto's: Jochum Meester