It stripblêd spile him ein jannewaris al folslein yn Fryslân ôf. Donald Duck ferruile doe Duckstad foar ús moaie provinsje, omdat er dit jier it 60 jierrich jubileum fiert. Om dat te fieren, is alle moannen fan dit jier in oare provinsje oan bar en Fryslân hie yn jannewaris de primeur.
Mei de tariedings foar dat Fryslânnûmer wiene al kontakten lein mei Fryslân Marketing/Fan Fryslân en de Afûk. ‘In Frysktalige Duck wie al gau punt fan petear en no is it safier: it sil heve,’ fertelt Sjoukje Jager fan de Afûk. Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal njoggen yn it Frysk oersetten strips fan de ferneamde ein. Anne Tjerk Popkema, dy’t de oersetting fersoarge hat, is der hiel goed yn slagge om de ferhalen troch de taal noch mear nei Fryslân ta te heljen, ynklusyf de typyske Donald Duck wurdgrapkes. Yn de ferhalen falt ek op dat der in soad omtinken is foar sport en fansels komme grutte Fryske sporteveminten lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht foarby.
De Fryske Donald Duck ferskynde by de earste druk yn in oplage fan 30.000 stiks en kaam freed 13 april út. Se wiene yn trije dagen útferkocht, dat de Afûk besleat om mei in twadde printinge te kommen. Yn de kommende wiken rôlje der nochris 10.000 eksimplaren fan de parse.
De Fryske Donald Duck kostet € 2,95 en is fan freed 13 april ôf te keap by ûnder oaren de boekhannels en de festigings fan Poiesz supermerken yn Fryslân. In folslein oersjoch fan de ferkeappunten is te finen op de webside fan de Afûk.
Sjoch ek:
- Afûk.nl
- ItNijs.nl
- OmropFryslân.nl (mei audio)
Ofbylding: ItNijs.nl