NIJS   25-05-2012


Chris van Hes: Trije talen yn it ûnderwiis, takomst troch taalferskaat

Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat bern dy't in meartalige opfieding krije, al tige jong trochhawwe dat taal in samling fan ôfspraken is. In gefolch hjirfan is dat se makliker frjemde talen leare kinne, dus fleksibeler yn talen binne, makliker ‘switche' kinne tusken talen as leeftiidsgenoatsjes dy't gjin meartalige opfieding krije.

Chris van Hes, studint oan de PABO Meppel en al in skoftke aktyf by de FNPjongerein, hat oer dit ûnderwerp in artikel opsteld. It stik hat 'er skreaun om't der op de PABO in wedstriid útskreaun wie wa't it bêste artikel skriuwe koe; dat artikel soe dan ek publisearre wurde yn it ûnderwiisblêd PRAXIS. Chris syn artikel is útkeazen ta it bêste artikel, mar spitigernôch is de PRAXIS redaksje fan miening dat it stik 'te regionaal' is en der net in praktysk komponint yn sit. Dêrom wurdt it artikel net publisearre yn it blêd sels mar op de webstee fan PRAXIS: www.praxisbulletin.nl en wy binne der grutsk op dat wy it ek op jongerein.fnp.frl publisearje meie!

 

Klik hjir om nei syn artikel ta te gean (ûnder Publikaasjes).

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer