NIJS   24-05-2012


Sympoasium FNP: de takomst fan de lytse basisskoallen yn Fryslân

De FNP hâldt op moandei 11 juny in sympoasium oer de takomst fan Lytse Basisskoallen yn Fryslân yn restaurant Noflik Easterein yn Easterein.

noflik eastereinDe takomst fan de lytse doarpsskoalle is ûnseker. Yn meardere gemeenten driigje skoallen sletten te wurden. De problematyk spilet yn de hiele provinsje. De FNP hâldt dêrom dit sympoasium ûnder lieding fan Germ Gerbrandy. Op dizze jûn sille û.o. sprekke: Klaas Fokkinga (âld-skoaldirekteur dy't fertelle sil wat it betsjut as in skoalle ferwynt) en Jan Oudenbon (âld-ynspekteur dy't fertelle sil oan wat foar easken in skoalle foldwaan moat). De wurkgroep besteande út âlders fan basisskoalle De Brêge fan It Heidenskip sil út eigen ûnderfining oer de aktualiteit prate.

 


 

Sympoasium: De takomst fan de lytse basisskoallen yn Fryslân

 

Moandei 11 juny 2012, oanfang 19.45 oere

(ynrin en kofje / tee fan 19.30 oere ôf)

 

Restaurant Partycentrum Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein (Littenseradiel)      

     

Programma

* Iepening troch Germ Gerbrandy (algemiene lieding)

* Klaas Fokkinga (âld direkteur lytse skoalle) oer wat it betsjut at in skoalle ferdwynt

* Jan Rodenhuis (ûndersiker) oer krimpgebieten

* Jan Oudenboon (âld ynspekteur basisûnderwiis) oer wêr't skoallen oan foldwaan moatte

* Wubbo Wever (direkteur / bestjoerder) oer de problemen mei lytse skoallen

* Wurkgroep âlden fan basisskoalle De Brêge fan It Heidenskip

Skoft

* Fragen en (foarum)diskusje

* Sluting en dêrnei in noflike neisit

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer