NIJS   14-01-2010


FNP-jongerein: PvdD doch jim húswurk!

De 'Partij voor de Dieren' fernuveret him oer it feit dat oare partijen mei inisjativen foar it ljipaaisykjen komme. De FNP is as griene partij altyd foar in goede ferstânhâlding tusken boer en bist. Yn desimber hat de FNP-jongerein op Europeesk nivo mei de European Free Alliance praat oer greidefûgels, wêrûnder de ljip.

De 'Partij voor de Dieren' fernuveret him oer it feit dat oare partijen mei inisjativen foar it ljipaaisykjen komme. De FNP is as griene partij altyd foar in goede ferstânhâlding tusken boer en bist. Yn desimber hat de FNP-jongerein op Europeesk nivo mei de European Free Alliance praat oer greidefûgels, wêrûnder de ljip.
 
It briedseizoen fan de ljip is fan healwei maart oant en mei july. As de earste lêch mislearret, dan besiket de ljip it letter nochris. It brieden duorret sawat fjouwer wiken. Mei in aaisikersseizoen fan krapoan twa wiken en sa likernôch 6.500 aaien is de ympakt fan it ljipaaisykjen lyts. Yn Frankryk en oare súd Europeeske lidstaten wurde alle jierren sa ‘n likernôch 250.000-300.000 ljippen deasketten (oare ûndersiken prate oer 500.000). Dat is sa'n 10% fan alle folwoeksen ljippen dy't oerwinterje yn Frankryk. Boppedat is de ljip yn oare lidsteaten allinne beskerme yn it briedseizoen.
 
De FNP-jongerein is fan betinken dat der in ferskil is tusken it sykjen fan ljipaaien en it deadzjen fan de ljippen. Soks hat, sa't it Fryske Gea seit, neat mei it winnen fan kiezers te krijen, mar gewoan mei sûn ferstân. 250.000-300.000 dea njonken 6.500 aikes mei yn de measte gefallen noch in earste lêch, is foar ús in grut ferskil. Boppedat mei der allinne nei ljipaaien socht wurde as der oan neisoarch dien wurdt.
 
It is spitich dat oare fûgels net neamd wurde troch de ‘Partij voor de Dieren'. De skries, de patriis, de fjildmosk, de ljurk, de putter en de hoants binne hast ferdwûn, wylst dêr de aaien net fan socht wurde. Mar ek dy soarten wurde troch de neisoarch beskerme. De ljip stiet net op de reade list. As dit de kwaliteit fan de 'Partij van de Dieren' yn Fryslân is, gean wy der fan út dat dit in lêste ferkiezingsgjalp is.


Foar mear ynformaasje nei oanlieding fan dit parseberjocht kinne jo kontakt opnimme mei Saapke Voolstra fan FNP-jongerein, telefoannûmer 06-50813896



FNP-jongerein: PvdD doch jim húswurk!



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer