NIJS   15-05-2012


Hero Brinkman wol flink snije yn Fryske organisaasjes en lagen

Freed 11 maaie wie Hero Brinkman yn Ljouwert om wat mear oer de 'Onafhankelijke Burger Partij' (OBP) en harren stânpunten te fertellen. Sa liet 'er witte hoe't hy tsjinoer bestjoerslagen as Provinsjale Steaten en it Wetterskip stiet; hy wol flink snije yn soksoarte lagen en hat it sels oer it ferdwinen fan dy lagen. Sjoch hjirneist in koarte fideo fan Omrop Fryslân hjiroer:

Brinkman wie tegearre mei Jacky Stevens, dy't lykas Brinkman earder by de PVV siet en dêr dwaande wie mei it oprjochtsjen fan in PVV jongereinpartij. Sy wienen beide yn Ljouwert op útnoeging fan de stifting 'Jongeren en Politiek Fryslân' wêr't ek de FNPjongerein by oansluten is. Dizze stifting bestiet út fertsjintwurdigers fan hast alle politike jongereinorganisaasjes yn ús provinsje en hat as doel om troch gearwurkjen mei-inoar de jongerein tichter by de polityk te bringen.

 

Yn kafee Jefferson's die Hero Brinkman ûnder oaren út de doeken dat hy yn Fryslân al stipers hat en dat hy sels in Fries op it each hat dy't in heech plak op de OBP kandidatelist krije sil. Fierders liet hy syn stânpunten omtrint bestjoerslagen as Provinsjale Steaten en it Wetterskip witte. Hy wol flink snije yn soksoarte lagen en hat it sels oer it ferdwinen fan dy lagen. Us aktive FNPj-lid Wolter Jetten reagearre hjirop yn in koarte nijsútstjoering fan Omrop Fryslân en jout oan dat wat Brinkman wol hielendal net mooglik is.

 



Hero Brinkman wol flink snije yn Fryske organisaasjes en lagen



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer