NIJS   16-07-2012


Nij bestjoer foar Die Friesen

By de Algemiene Ledegearkomste fan 14 july l.l. is it nije bestjoer fan Die Friesen keazen!

Foarsitter Eike Steinig koe sneon sa'n 15 leden wolkom hjitte yn de Bagbander Mühlenhof yn Bagband. Fan de FNPjongerein wienen twa minsken nei de gearkomste ta setten.

 

De gearkomste begûn mei in presintaasje fan nije snypsnaren lykas in t-shirt en in Ynterfryske kaart om de Friezen yn East-Fryslân bewuster te meitsjen fan har Fryske woartels. Dêrnei waard in nij konsept partijprogram presintearre dêr't de leden oer stimme koenen. De stimming waard folge troch in jierferslach.

 die friesen stoppt fracking

De partij hat it ôfrûne jier drok dwaande west mei it ynformaasje jaan oer de gefaren fan 'fracking'. Fracking is it winnen fan skalygas mei gemyske stoffen dy't in gefaar wurde kinne as dy yn it drinkwetter komme. Yn East-Fryslân hawwe bedriuwen as Gas France en ExonnMobil ynstallaasjes delsetten om dat skalygas op dy wize te winnen. De partij hat dêrom ferskate kearen in temajûn organisearre foar de befolking. In oar punt út it jierferslach gong oer de lokale ferkiezings op gemeentlik en provinsjaal nivo. Yn trije gemeenten, ferdield oer twa provinsjes (Landkreisen) koe de partij yn de Ried komme. Yn it Landkreis Leer koe de partij ien sit besette yn it regionale parlemint.  

 

Nei it skoft wienen der noch trije fakatueres yn it bestjoer dêr't foar stimd wurde moast. De trije nije bestjoerders waarden hast allegear unanym keazen troch de leden. Nei de belangrike stimming kamen de dielsteatferkiezings fan 2013 op it aljemint. Bestjoer en leden wolle beide meidwaan oan dy ferkiezings, mar it al as net meidwaan smiet noch wol wat diskusje op om't Die Friesen as partij fan de Fryske minderheid yn East-Fryslân net as minderhedepartij erkend wurdt troch de dielsteat Nedersaksen. It net erkennen fan Die Friesen as minderhedepartij betsjut dat se net befrijd binne fan de 5-persint kiesdrompel. Dêrtroch is it, sjoen nei de ferkiezingsresultaten fan de lêste ferkiezings, suver ûnmooglik en kom yn it dielsteatsparlemint.

 

De susterpartij fan de FNP liket 5 jier nei syn oprjochting in stabile en bliuwende politike faktor yn East-Fryslân en Nedersaksen. Wy as FNP winskje Die Friesen yn alle gefallen in soad sukses ta!

 

DieFriesen 1024



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer