NIJS   21-11-2012


Algemiene Ledegearkomste @FNPfryslan

Kommende freed om 20:30 oere is de Algemiene Ledegearkomste (ALG) fan de Fryske Nasjonale Partij. Dizze gearkomste wurdt hâlden yn it Abe Lenstra Stadion op it Hearrenfean.

Foarôfgeand oan de ledegearkomste is der in rûnlieding troch it stadion. Yn de Frijbûtser fan septimber en oktober hawwe jim hjiroer lêze kinnen en hawwe jim jim hjirfoar opjaan kinnen. Mei hast 50 opjeften sil de opkomst geweldich grut wêze mar is der spitigernôch gjin plak mear.

 

Fansels binne alle FNP leden wol fan herte wolkom op de ledegearkomste dy't om 20:30 oere (20:00 oere is de ynrin) starte sil yn de Friesland Bank-seal yn it stadion. Wy hoopje in soad jonge leden dêr te treffen. Oant freed!



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer