NIJS   20-05-2010


Fakatuere jongereinkoördinator EFA youth

Sollisitearje foar 4 juny !

efay 3 sm     

By de EFA, de Europarlemintspartij fan ferskate regionale partijen (sawat 40 yn hiel Europa, dêrûnder de FNP) is krektlyn in nijsgjirrige fakatuere iepensteld foar in jongereinkoördinator. Stânplak is Brussel en de krekte funksje-omskriuwing en kritearia steane op de webside http://efayouth.nireblog.com/. Kinst begjin july al oan it wurk!

Ast belangstelling hast foar dizze moaie baan, of witst immen dy't hjirop sollisitearje kin/moat, mail dan foar 4 juny 2010 nei coordinatorefay.eu en nei rhisiart.talebotefay.eu.

Ast witte wolst wat de EFA is en docht, kinst de website besjen en fansels ek altyd kontakt opnimme mei Douwe Bylsma (foarsitter EFA-kommisje FNP), 058 - 2571635 of Sybren Posthumus (bestjoerslid EFA), 0566 - 602928.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer