NIJS   30-12-2012


Utnoeging Nijjiersgearsit FNP 5 jan. op 'e Lemmer

De FNP-ôfdielings Skarsterlân, Gaasterlân-Sleat en Gemeentebelangen Lemsterlân noegje jimme graach út foar de nijjiersgearsit fan de FNP op sneon 5 jannewaris 2013 yn ’e Beachclub, Yndustrywei 2 op ’e Lemmer.

Oernommen fan skarsterlan.fnp.frl:

 

kaartsjeBeachclubLemmerIt programma foar dizze middei sjocht der sa út:

 

14.00 Ynrin mei kofje of tee mei wat derby
15.00 Iepenjen troch de deifoarsitter
15.10 Taspraak Nynke Beetstra, foarsitter HB
15.20 Taspraak Annigje Toering, foarsitter Steatefraksje
15.30 Skoft foar in twadde bakje kofje of tee
15.45 Piter Wilkens
16.15 Útrikken fan de Fryske Natuer- en miljeupriis
16.30 Útrikken fan de Sulveren Fyts
16.45 Skoft
17.00 Piter Wilkens
17.30 Ôfslute en noflike neisit
18.00 Mei-inoar ite (opjefte nedich, sjoch hjirûnder)

 

We begjinne wat earder as oars. We wolle jimme graach genôch tiid en gelegenheid jaan om elkoar it nijjier ôf te winnen en om efkes by te praten. We hawwe gjin jûnsprogramma en dêrom meitsje we der wat in langere middei fan mei twa koarte optredens fan Piter Wilkens. En… we soenen it fantastysk fine as jimme allegearre safolle mooglik meidogge oan it ôfslutende ‘captains diner’.

 

By de unike gearwurking tusken Gemeentebelangen Lemsterlân en de FNP-ôfdielings Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat om te kommen ta ien grutte FNP-ôfdieling ‘De Fryske Marren’ heart in unike lokaasje en om de Lemsters in wolkom ta te roppen dogge we dat op ’e Lemmer.

De Beachclub is de namme fan it gloednije Lemster badpaviljoen mei in fantastysk útsjoch oer De Lemmer en de Iselmar. Der is in boartershoeke foar de bern. In skjinne winter mei sinneskynwaar soe der mei foar soargje kinne dat we in unike nijjiersgearsit hawwe. En… grif mei ynspiraasje om fan 2013 in goed ferkiezingsjier te meitsjen!

 

Wy hjitte jimme graach wolkom! Stjoer in mailtsje mei it tal persoanen dêr’t jim mei komme. Mail yn alle gefallen efkes it tal meidoggers oan it ‘captains diner’, dêr’t wy € 15,00 de man/frou foar freegje, daliks by it begjin te foldwaan. Jou ek efkes eventuele dieetwinsken op. De mailtsjes kinne nei: nijjiersgearsitoutlook.com
Belje kin ek: 06-27397587 (Olrik Bouma).

 

Leden en stimmers, elkenien is wolkom.
Oant sjen op 5 jannewaris op ’e Lemmer!

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer