NIJS   28-02-2013


Plannen fan de ûnderwiisrie grutte bedriging foar Frysk basisûnderwiis

Op 14 febrewaris presintearre de ûnderwiisrie in publikaasje dêryn sy stelden dat der grinzen steld wurde moatte oan skoallen yn tinbefolke gebieten. Yn dizze publikaasje die de rie trije oanbefelings. De earste is dat de noarm foar opheffing fan basiskoallen yn it primair ûnderwiis fan 23 nei 100 learlingen moat. De twadde oanbefeling is dat eksperimintele inisjativen fan skoallen stipe wurde moat. De tredde oanbefeling is dat de skoallen tegearre in goed oanbod organisearje moatte kinne. Mei dizze twadde en tredde oanbefeling is net sa folle oan de hân, it twingt skoallen om goed te sjen nei harren oanbod en organisaasje. En dêr is neat mis mei. It is de earste dy't grutte gefolgen hawwe sil foar Fryske (en Grinslanner, Drintske, Sieuske en Limburchske) basisskoallen.

Dizze oanbefelings komme foaral út de angst foar krimp. It is in feit dat oant 2020 it learlinge-oantal lanlik mei 100.000 sakje sil. En minder bern betsjut lytsere skoallen en dat betsjut mear 'swakke' skoallen. Alteast sa wurdt algemien oannaam. Allinnich is it sa dat de measte lytse skoallen net as 'swak' bekint steane by de ûnderwiisynspeksje. Lanlik steane sels de measte lytse skoallen as 'goed' oanskreaun. 

De earste oanbefeling betsjut foaral dat lytse skoallen yn tinbefolke gebieten it slachtoffer hjir fan wurde. Yn Fryslân soe, at dizze oanbefeling no ynfierd wurde soe sels 50,1% of 465 fan alle basisskoallen no ticht moatte, dat is mear as de helte!

 

Plannen fan de nderwiisrie grutte bedriging foar Frysk basis nderwiisIt slúten fan de skoalle yn in doarp is in grutte oantaasting fan de leefberens yn in doarp. Ommers, hokker jonge minsken wolle der noch yn in doarp weinje wêr hielendal gjin foarsjennings mear binne? Hokker âlder wol der aanst earst noch 5 kilometer ride om de bern nei skoalle te bringen, om dêrnei noch troch te riden nei it wurk? Basiskoallen binne ek hieltyd faker in moetingsplak foar alle doarpsbewenners. In skoalle fungearret ek faak as doarpshûs. Lytse doarpen sille, mei troch it slúten fan skoallen, mear en mear terjochte komme yn in delgeande spiraal, wat liedt ta mear leechstân, fergrizing fan de ynwenners (en dus ek de deastek foar ferienings), ensh.

 

Dan haw ik it hjir noch net ienen oer de bedriging fan it Frysk as taal yn it ûnderwiis. Ommers op dit stuit is it al sa dat it faaks yn de doarpen wol sa sa giet mei it ûnderwiis yn it Frysk, yn de grutte plakken is it om te gûlen. Der binne skoaldirekteuren yn dy grutte plakken yn Fryslân dy't sizze: 'mar 15% fan de bern praat hjir Frysk, wêrom moatte wy dan oan Frysk dwaan, wy moatte al oan sa folle easken foldwaan.' 

 

Wat spitich is dat der wer earst sjoen wurd nei de sinten. Lytse skoallen binne djoerder as gruttere skoallen, logysk. Der binne minder bern, wol in gebou, learkrêften en oare kosten. Mar at dizze oanbefelings der troch komme betsjut dat ek dat der wol wer oare kosten bykomme. De bedriuwsfiering fan stiftingen en ienpitters (skoalbestjoeren mei ien skoalle) moat oars (en dat kostet jild) en der sille wer skoalbussen ride moatte (en dat moat ek betelle wurde). Learkrêften, wer ûnder ek  in soad ‘djoere' âldere learkrêften, sille op strjitte stean te kommen. Dizze moatte earst yn de ww en dan waarskynlik yn de bijstân. En wy witte allegearre dat dit ek net fergees is.

 

Dus litte wy mei ús allen der plat foar gean. Foar alle bern in skoalle yn eigen doarp of mienskip.

 

Saapke Voolstra
foarsitter FNPjongerein

 

In link nei de oanbefelings fan de ûnderwiisrie:
http://www.onderwijsraad.nl/publicaties/2013/grenzen-aan-kleine-scholen/item5050

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer