![]() |
De Steatefraksjes fan de PvdA, SP en de FNP wolle op koarte termyn dúdlikheid hawwe oer de begelieding dy't Jeugdhulp Fryslân ferlient oan pleechgesinnen. Oanlieding dêrfoar binne de ferûntrêstende berjochten yn de media en persoanlike petearen fan de Steateleden. Dêr blykt út dat yn guon gefallen gjin help ferliend wurdt oan pleechgesinnen, wylst Jeugdhulp Fryslân dêr wol in bydrage foar krijt. De trije partijen wolle fan it Kolleezje witte oft dy ynformaasje kloppet.
Annigje Toering, FNP wurdfierder Sosjaal Belied en Soarch Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl
|
Troch it stellen fan skriftlike fragen oan it Kolleezje wolle de trije partijen de feiten boppe tafel krije. Jeugdhulp Fryslân is in selsstannige stifting en krijt subsydzje fan de Provinsje Fryslân om dizze begelieding oan te bieden. De FNP, SP en PvdA wolle presys witte om hoefolle gefallen oft it giet en om hokker bedraggen. Mocht it yndied sa wêze dat der pleechgesinnen binne dy't net de begelieding krije dy't se nedich binne, dan wolle de partijen aksje fan de Provinsje.
Bylage: Skriftlike fragen Jeugdhulp Fryslân
Artikel oernommen fan www.FNP.nl