Fuort op
de earste dei fan de gearkomste hie de FNPj al grut sukses. De beide moasjes
dy't wy yntsjinne hienen oer de ûndergrins fan it learlingenoantal yn it basisûnderwiis en in moasje oer it
bestean bliuwe fan de provinsje Fryslân sa as dy no is, binne mei in
grutte mearderheid oannaam. Neist ús moasjes binne der ek moasjes oannaam oer Fracking (winnen
fan Skaaljegas), in moasje oer dat de steat Spanje har net bemuoie moat mei de
Westlike Sahara, oer it fredeproses yn de Baskyske lannen, oer mear demokrasy
yn Europa as ynstitút en ta beslút ek in moasje oer in oar
jierliks finansjeel kader foar in nije Europeeske uny.
Fierders wie dizze gearkomste ek de earste gearkomste foar FNPjongerein lid Olrik Bouma as koördinator en sekretaris-generaal foar de EFAy. Neist dat, is der ek in nij bestjoer keazen. Dit bestjoer is ek fuort oan it wurk setten mei it begjinnen te skriuwen fan in nij manifest foar de Europeeske ferkiezings yn 2014. Om de bestjoersleden der net allinnich foar te setten, binne der wurkgroepen opset oer ferskate ûnderwerpen. De FNPj wol fansels graach meitinke oer dit manifest en hat beslúten dat wy in bydrage jaan sille oan alle 6 de wurkgroepen.
Op dizze algemiene jongereingearkomste wienen 17 minderheden fertsjinwurdige út hast alle lannen fan de Europeeske Uny. Yn deselde dagen waard ek de algemiene gearkomste fan de EFA hâlden, dat is de memmepartij fan de EFAy. Ek hjir wienen fertsjinwurdigers fan de FNP oanwêzich: Annigje Toering, Sybren Posthumus en Douwe Bylsma. Fan in ferslach fan dizze gearkomste ferwize wy jimme graach troch nei de webstek fan de FNP: klik hjir om dit ferslach te lêzen.
Ûnder de gearkomste.
In groepsfoto mei de fertsjinwurdigers en bestjoer EFAy 2013.
FNPjongereinlid Olrik Bouma yn aksje as nije EFAy sekretaris-generaal.
Foar mear foto's fan Egon Zemmer, sjoch:
dizze Flickr side