NIJS   23-04-2013


Aksje kleurplaat 'de lêste Fryske Skoalle'

It VVD/PvdA regear hat fan de ûnderwiisried it advys krigen om allinnich noch mar grutte 100+ skoallen te hâlden, dat wol sizze dat 'er teminsten 100 bern op in skoalle sitte moatte, lytser is eins net mooglik neffens it advys. Dêr is de FNP it perfoarst net mei iens! Wy binne fan betinken dat it de deastek is foar de leefberens op it Fryske plattelân en stedswiken en dêrom komme wy ûnder oaren no mei in kleurplaat aksje.

De leste Fryske Skoalle Kleurplaat FNPjongereinDe FNP is:

 

- 100 kear tsjin it út it each ferliezen fan it wolwêzen fan ús bern op in skoalle, yn de eigen fertroude omjouwing!

 

- 100 kear tsjin de papieren rompslomp en de grutte djoere ûnderwiiskoepels en direkteuren!

 

- 100 kear der op tsjin dat klakkeloas de situaasje fan de Rândstêd as blaudruk brûkt wurdt foar ús eigen unike Fryske situaasje!

 

Fraaie prizen

Underoan dizze side kinsto de kleurplaat as PDF bestân delhelje. Iepenje en print de fraaie ‘Lêste Fryske Skoalle' kleurplaat en freegje dyn broerkes/suskes, nichjes/neefkes of bern fan de buorlju ensafuorthinne om de plaat moai te kleurjen.

 

 

Stjoer de moai opmakke kleurplaat mei namme, adres en leeftiid nei ús ta: de FNPjongerein, p/a Streek 34, 8464NC Sint Jânsgea.

 

Der lizze in pear moaie prizen klear foar de moaiste kleurplaat! Wiis famylje en kunde graach ek op dizze aksje, hoe mear oandacht hoe better. Hingje oars ek ris de print op op prikboerden yn doarpshûzen, wykgebouwen en fansels skoallen yn dyn doarp.

 

Wy hoopje in soad prachtige kleurplaten ûntfange te meien!

 

Mei freonlike groetnis,
de FNPjongerein kommisje



Downloads:
Klik hjir om de kleurplaat del te heljen op dyn pc


Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer