NIJS   16-06-2013


Frijbûtser yn teken Algemiene Ledegearkomste

Yn de nijste Frijbûtser, ús FNP-blêd, in wiidweidich ferslach fan de Algemiene Ledegearkomste fan 31 maaie.

Ultsje Hosper portret   

Der hat in yngreven bestjoerswiksel west, der is in polityk fisydokumint  fêststeld en der binne taspraken holden. Ek opnaam binne it jierferslach oer it 50-jierrich FNP-jubileumjier 2012, portretten fan de nije bestjoersleden en in stik oer de nije gearstalling fan de Kaderkommisje.

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter

Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl 

 

Yn de Frijbûtser fierder twa artikels oer it skrassen fan de 100-learlingennoarm foar it opheffen fan lytse skoallen. Us partijgenoaten yn Europa roppe op om mei in Europeesk boargerinisjatyf in miljoen hantekens foar demokratyske selsbeskikking op te heljen. As lêste mar net de minste nimt Willem Tsjerkstra nei 12 jier ôfskied fan de Frijbûtser-redaksje. Al mei al in soad nijs yn in tsjokke Frijbûtser.

 

Redaksje, HB, Steatefraksje en FNP meiwurkers winskje elk alfêst in goede fakânsje!

 

Klik hjir om streekrjocht nei de Frijbûtser fan juny 2013 te gean (PDF-bestân).

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer