NIJS   19-08-2013


Fakatuere trainee polityk meiwurker EFA-buro yn Brussel

Reagearje foar 5 septimber

Oernaam fan www.FNP.nl
 

 Olrik Bouma by Atomium Brussel
Olrik Bouma, earder ek EFA-trainee, tsjintwurdich Sekretaris-Generaal EFAy
 

Trainee op it EFA-buro yn Brussel

 

De EFA is de Europarlemintspartij fan regionale partijen yn de EU dêr't de FNP ek by oansluten is.

It Partijburo siket in trainee (folsleine wurkwike) foar de perioade mids novimber 2013 oant mids april 2014.  Stânplak is Brussel. Do bist ôfstudearre WO / HBO, hast belangstelling foar polityk, Europa en affiniteit mei regionale partijen en de kearnaktiviteiten fan de EFA. De klam yn it wurk leit op it stypjen fan de EFA-stêfmeiwurkers, it dwaan fan ûndersyk, rapportearjen, organisaasje fan politike eveneminten en oare relevante wurksumheden. Goede kommunikative feardichheden en goede behearsking fan teminsten Ingelsk en/of Frânsk as EU-wurktaal binne fereaske.

 

 

De EFA freget in oanbefellingsbrief fan de eigen partij.

FNP kandidaten kinne dêrta it bêste earst kontakt opnimme mei

Douwe Bijlsma, EFA-bestjoerslid foar de FNP.

 

Klik hjir nei de folsleine advertinsjetekst.

 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer