NIJS   14-09-2013


Partijblêd de Frijbûtser fan septimber no online

Oer ûnder oaren de Kampanjestart, ús takomstfisy en de FNP Tytsjerksteradiel.

Oernommen fan www.FNP.nl

Ultsje Hosper portret   

Yn de nijste Frijbûtser in wiidweidich ferslach fan de kampanjestart 2013 op 30 augustus yn Warten. Der komt in ekstra jûn foar de leden oer it FNP fisydokumint 'Takomst fan Fryslân'. Fierder yn dizze ôflevering in portret fan de FNP-ôfdieling Tytsjerksteradiel. Ek lêze jo artikels oer stipe foar de FNP-útstellen yn de Fryske Steaten en in slagge polityk kafee fan de FNP-Ljouwert oer koöperaasjes. Fansels ek wer de nedige húshâldlike meidielings en oproppen.

 

Ut namme fan de redaksje in soad lêswille tawinske!

 

Ultsje Hosper, partijfoarsitter

Reaksje? Mail ultsje.hosperfnp.frl 

 

Klik hjir om de Frijbûtser as *.pdf te lêzen of del te heljen



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer