Ferslach fan de fernijde opstartjûn fan de FNPj op 11 desimber 2015 yn "it Smelnehûs" yn Drachten.
JetskeLysbeth fan it Haadbestjoer hjit de 11 oanwêzigen fan herte wolkom yn de boargemasterkeamer fan it eardere gemeentehûs fan Drachten. Tefoaren binne safolle mooglik jonge leden telefoanysk befrege hoe't hja tsjin de FNP oer steane en oft hja komme wolle oft der FNPj-gearkomsten organisearre wurde. Dat bliek wol deeglik it gefal te wêzen, der waard fakentiids entûsjast op reagearre.
It doel fan dizze jûn is útlein: it mei inoar yn de kunde kommen, netwurkje, entûsjastmearje en komme ta in platfoarm FNPj.
Om inoar better kennen te learen, ha we oan it ‘speeddaten' west, yn wikseljende twatallen ha we mekoar befrege oer ferskate fragen lyk as "Wêrom bist FNP-lid wurden?" " Oan hokker Fryske klisjees foldochsto?" "Wat fynsto it moaiste oan/yn Fryslân?
Twa jonge FNP-riedsleden oan it wurd.
Doe kamen Douwe Blom en Jelle Gerbrandy, twa jonge FNP-ers en beide riedslid yn Súd West Fryslân, oan it wurd oer wat harren driuwt om foar de FNP polityk aktyf te wêzen. Douwe is lid wurden yn de tiid dat der praat waard om meardere gemeenten weryndield wurde te litten ta ien grutte gemeente yn de súdwest hoeke fan Fryslân. Doe hat er ‘m lilk makke en him ôffrege oft dit samar fan boppeôf oplein wurde kin en makke er de kar foar de FNP as partij, dy't noed stiet foar doarpsmienskippen, de leefberens fan it plattelân en it desintraal bestjoer heech yn it findel hat en it foech sa ticht mooglik by de boarger hâlde wol. De ôfdielingsleden fan de wer yn te dielen gemeenten ha syn belutsenens en aktive ynset goed op wearde skatten en is er as fjirde op de kandidatelist foar de ferkiezings pleatst.
Jelle Gerbrandy is fan thús út opgroeid mei polityk en de FNP en hy hat de kânsen, dy't de partij in jong aktyf lid biedt, grepen en hat him wakker ynset yn it kampanjetiim en hoewol't er leger op de kandidatelist stie, is er dochs mei foarkarstimmen yn de ried kommen. En dit hat him sels al de mooglikheid bean om as jonge Fryske politikus foar in seal fol mei mear as 200 minsken yn debat te gean mei Alexander Pechtold fan D'66 oer it opgean litte wollen fan de provinsje Fryslân yn ien noardlik lânsdiel. Om't er dit tefoaren goed taret hie en de organisaasje frege hie as earste it wurd te krijen, krige er de seal mei en hat dit debat him in soad foldwaning jûn.
It riedswurk freget in soad tiid, hja ha beide oerdeis in baan en binne dan jûns èn yn it wykein drok mei politike saken dwaande en alderhande kontakten te ûnderhâlden. Echt wol in swiere belesting en de partner moat it der wol mei iens wêze, mar beide ha wol safolle nocht oan it demokratysk spul yn de ried en prate dêr dizze jûn fol entûsjastme oer. In gemeenteried hat echt wat te sizzen! It kolleezje bestjoert, amtners skriuwe beliedsstikken en de ried hat in kontrolearjende funksje. Dêr stietst net allinnich foar , mar binnen de fraksje sitte gelokkich ek minsken mei in soad ûnderfining en de griffy jout stipe en amtners kinst om neiere ynformaasje freegje en leist dyn ear te harkjen by ynstellings, pleatslike belangen en boargers. Hja merke dat hja as nijkommers net troch âlde patroanen en tinkwizen beheind wurde en soks kin yn de fraksje trochbrekkend en fernijend wurkje! Sa't Jelle it seit: "Do bist jong, dêr hast foardiel fan". En ropt de oanwêzige jongeren op om net te benaud te wêzen, ast belangstelling hast foar politike saken en maatskiplike problematiken en ast der wat oan dwaan wolst, gryp de kânsen dy't binnen de FNP bean wurde!
Om oan te jaan dat dizze FNPjongereingearkomste net foar ien kear organisearre wurdt, is yn it foar al oanjûn dat we it kommende healjier de 22ste jannewaris en de 18de april fan 2016 op ‘e nij by elkoar komme sille.
Der wurde ferskate aktiviteiten neamd dat we ûndernimme kinne. Fan in polityk kafee itsij in kongres organisearje, jongelju opsykje by de skoallen (benammen ek oan it begjin fan in nij stúdzjejier) en ‘dophokken' besytsje om mear jongeren by de partij te belûken , tema's útdjipje, debattrening, mei in oare partij in debat organisearje. Mar yn it begjin elkoar foaral kennen leare en it mei ek best gesellich wurde.
It is de bedoeling dat inkelde entûsjaste leden in bestjoer foarmje en ynisjativen ûntwikkelje om de FNPj ta bloei te krijen. En neffens de lûden fan dizze earste jûn sil dat grif slagje! Neffens it húshâldlik reglemint fan de FNP is oan elke kommisje minstens ien HB-lid ferbûn en dat jildt ek foar de FNPj.
Der leit foar elk FNP-promoasjemateriaal klear om mei te nimmen. Sokke snypsnaren kin in oanlieding wêze om by oaren de FNP te praat te bringen.
De e-mailadressen binne by de útnûging foar dizze jûn as BCC net yn sicht kommen. Fansels wurdt it op priis steld dat elk mekoars emailadres te witten kriget. En it idee om oan elk e-mailadres in alias foarnamme.achternammefnp.frl te keppeljen wurdt op priis steld.
De noflike neisit befalt wol sa goed dat it aardich let wurdt.