NIJS   13-12-2010


FNP jongerein mei jeugd Wymbrits nei Rie fan Steat

Harksitting oer belied jongereinketen

Saapke Voolstra     

Moarn, 14 desimber, sil der út de gemeente Wymbrits wei in bus mei jongerein nei de Rie fan Steat om in harksitting by te wenjen oer it ketebelied fan Wymbritseradiel. In soad jongerein komt fan de keet ‘de Skuorre' dêr't de FNPjongerein (FNPj) yn maaie 2009 op besite west hat yn it ramt fan harren ûndersyk nei de keten yn Fryslân.

 

Saapke Voolstra, foarsitter FNPj

 

Reaksje? Mail svoolstragmail.com 

 

 

FNPjongerein stipet de jongerein fan Wymbrits by de Rie fan Steat

 

Moarn, 14 desimber, sil der út de gemeente Wymbrits wei in bus mei jongerein nei de Rie fan Steat om in harksitting by te wenjen oer it ketebelied fan Wymbritseradiel. In soad jongerein komt fan de keet ‘de Skuorre' dêr't de FNPjongerein (FNPj) yn maaie 2009 op besite west hat yn it ramt fan harren ûndersyk nei de keten yn Fryslân.

 

Yn it keterapport fan de FNPj waard al wiisd op it grutte sosjale belang fan de keten yn de doarpen. Ek hat de FNPj foar de gemeenten doe in konsept mei beliedsrigels foar de keten opsteld. Fierders kaam de FNPj dêryn ta de konklúzje dat de keten gjin konkurrinsje binne foar de hoareka yn de gemeenten, omdat de keetbesikers meastentiids oanslutend in besite bringe oan de hoareka.

 

De FNPj fynt dizze saak sa wichtich dat in fertsjintwurdiger fan de FNPj moarn nei De Haach ôfreizigje sil om de jongerein te stypjen by harren betooch foar de Rie fan Steat. De FNPj hopet dan ek dat it fertuten dwaan sil foar de keten yn Wymbrits en oare gemeenten yn Fryslân. Sa dat de jongerein belutsen bliuwe by harren doarp.

 

 

 

Taheakke in digitale ferzje fan it FNPj keterapport, útkaam yn augustus 2009

 

 

fnpj logo

 

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2021 FNP Fryslân - Disclaimer