Europa fan de regio's
Wy sjogge de finansjele merk en definsje as foarbylden fan saken dy't better yn mienskipsferbân regele wurde kinne. Mei it ynfieren Europeeske kieslisten soenen wy in earste stap dêrhinne sette. Minsken moatte neffens ús de mooglikheid hawwe om ek bûten de nasjonale steaten om stimme te kinnen. Der binne ommers ferskate regio's dy't in ienheid foarmje mar ûnderdiel binne fan twa of mear nasjonale steaten. Sokke regio's fertsjinje in eigen demokratysk keazen folksfertsjintwurdiging en de mooglikheid om by Europeeske ferkiezings op kandidaten fan bûten de nasjonale steat stimme te kinnen. Sa hat it folk echt wat te kiezen.
Wy witte ek dat de besteande EU-lidsteaten soks net samar talitte sille. Sy binne har der goed fan bewust dat sy dan de macht fan de lanlike regearingen kwytreitsje en dêrtroch rekkenskip hâlde moatte mei oare demokratysk keazen parleminten. Wy binne fan miening dat it konservative hanneljen fan dy lanlike regearen op dat mêd mei ek it negative imago fan Europa stimulearje. Dat is spitich tinke wy, omdat it hielendal net hoecht.
Keunstmjittige nasjonale grinzen
De regio Fryslân beslacht in gebiet dat begjint by de stêd Alkmaar yn Nederlân en einiget by de rivier de Widû yn Súd-Jutlân, Denemark. De Waadsee en de Fryske eilannen, mar ek de fêstewâl mei syn seediken en syn mersk-, fean-, en sângrûn foarmje mei-inoar in dúdlike geografyske ienheid dy't frij bot ferskilt mei de trije nasjonale steaten der't de regio ûnderdiel fan is. De regio Fryslân hat in relatyf grutte toeristyske en agraryske sektor en de middelgrutte en lytse ûndernimmings foarmje de basis fan de ekonomy. Neist de geografyske ienheid foarmet it gebiet dêrom ek in ienheid as it om de ekonomyske opbou giet. Om dan noch mar te swijen oer de kulturele en skiedkundige ienheid.
Meidwaan is in betingst
De ekonomyske en sosjale krisis hawwe grutte ynfloed op ús hjoeddeistige libben. Yn guon lannen en regio's is de wurkleazens ûnder de jongerein sa grut, dat der in komplete generaasje driget ‘wei' te reitsjen. In part fan dy minsken driget nea lean fan wurk te krijen. Yn kombinaasje mei de sosjale krisis is dat deadlik foar de moraal. De sosjale krisis hat fan gefolgen dat de ferskillen tusken earm en ryk grutter wurde sille. En net allinnich it ferskil tusken earm en ryk, mar ek de ferskillen tusken (ekstreem-)rjochts en (ekstreem-)links sille grutter wurde. Sa grut dat minsken miskien wol it gefoel krije dat se foar ien fan beiden kieze moatte om de holle boppe wetter te hâlden. Frijheid om jins miening te uterjen is in grut rjocht dat wy gelokkich yn de measte lannen hawwe, mar hjir en dêr binne der ek al lûden (en dêr hearre ek Europeeske lidsteaten by) te fernimmen dat soks gjin fanselssprekkendheid mear is.
Wy tinke dat wy as jongerein de kâns hawwe om ús dêr tsjin út te sprekken. Dat kinne wy allinnich berikke as wy manmachtich dêrtsjin binne. Dat moatte wy ek sjen litte. It is spitich dat der sa'n soad macht leit by in generaasje dy't der oer 20 as 30 jier net mear wêze sil. Politike jongereingroepen hawwe dus ek wurk te fersetten. Sy moatte soargje dat sy de jongerein op plakken krije dêr't se meiprate kinne, meitinke kinne en mei beslisse kinne.
Krij duorsome enerzjy fan ‘e grûn
De FNPjongerein makket him grutte soargen oer de feroarings yn it klimaat. Al tûzenen jierren binne wy wend om tsjin it wetter te akseljen en oant no ta hawwe wy meastentiids de holle boppe wetter holden mei ynventive útfinings (lykas de terpen). Sok wraksjeljen tsjin de natoer heart by de natoer fan ús folk en makket ek wa't wy binne.
Spitichgenôch lykje klimaatferoarings hieltyd flugger te gean, foaral troch wat wy as minsken mei dizze wrâld dogge. Wy hawwe as jongerein no noch de kâns om op in tûke wize oplossings te finen foar dy problemen. Dêrfoar moat de jongerein al de kâns hawwe om dat ek te ûntwikkeljen, nettsjinsteande (sa no en dan) grutte ekonomyske belangen en sûnder ús lânskip te fersmoargjen mei grutte wynmûnen en oare ‘duorsume' oplossings dy't it lânskip negatyf beynfloedzje. Wy tinke dan mear oan de ûntwikkeling fan noch bettere sinnepanielen op dakken fan hûzen, fabriken en boerepleatsen.
Der binne foarbylden by de rûs fan hoe't der soms tsjinaksele wurdt tsjin duorsume manieren/útfinings. De ûntjouwing fan Blue energy (elektrisiteit opwekke troch sâlt en swiet wetter mei-inoar wriuwe te litten) stiet al in jiermannich op in sêft sin om't in grutte proefopstelling ‘te djoer' is. Mar ûnderwilens fleane de oaljeprizen it fet út en binne de measte grutte ekonomyen ôfhinklik fan polityk ynstabile lannen. Wy tinke dat de nije enerzjy net genôch kânsen krigen om him te ûntwikkeljen.
Wy tinke dat as it aanst te let is, de jongerein opdraaie sille foar gruttere krisis as ea tocht.
Doarje te stean foar dyn kultuer
Spitigernôch hawwe de ekonomyske krisis en de sosjale krisis grutte ynfloed op wat in lanlik regear docht mei belied foar de regio's. Dochs hawwe de minsken yn sa'n regio sels ek grutte ynfloed op wat der bard mei harren taal en kultuer.
Yn Nederlân is dat op dit stuit tige aktueel. Mei troch de ekonomyske krisis is it regear fallen. Ofspraken dy't troch it âlde regear mei it provinsjaal bestjoer makke binne lykje no ynienen wer ûnwis. Dêrtroch sil der op ‘e nij kediisd wurde moatte oer it Frysk, de Taalwet en desintralisaasje fan foech en taken nei Fryslân ta. Allegearre saken dy't noch krekt op ‘e rails set wienen en dy't no mooglik wer faai komme te stean. Der sil kwealik omtinken foar wêze no't it allegear om Haachske ferkiezingskampanjes draaie sil.
En dochs stiet of falt it noed stean foar de eigen taal en kultuer by de minsken sels. Minsken moatte sels opstean foar harren taal en kultuer. Besykje om troch de kieren fan in wet te krûpen om lykweardigens te easkjen, foar yn ús gefal, it Frysk. De jongerein hat dêr in grutte rol yn. Sy kinne as gjin oar wrakselje tsjin it bestjoer wat boppe harren stiet. ‘Dwers wêze' sit de jongerein yn it bloed. En dêr yn leit, leauwe wy as FNPjongerein, de kâns foar in sterkere en autonomere regio.
Yn de alinea's hjirfoar hawwe wy in oantal kânsen neamd foar de jongerein yn in better Europa. In grut tal fan dy kânsen lizze by de jongerein sels. Wy tinke dat de jongerein troch aktyf mei te tinken, prate en beslisse te kinnen soargje kin foar in better Europa en dat dit Europa better wurdt foar de regio's en steateleaze naasjes as dat no guon regearings foar har kultueren soargje.
Saapke Voolstra
Út namme fan de FNPjongerein
Maaie 2012